Doek liket te fallen foar swimbad yn Boalsert: kolleezje wol subsydzje ynlûke

It driget al sûnt 2012, it waard noch opkeard, mar it doek liket no dochs echt te fallen foar it swimbad Vitaloo yn Boalsert. It kolleezje fan Boargemaster en Wethâlders fan de gemeente Súdwest-Fryslân wol de 273.000 euro subsydzje ynlûke. Dat betsjut dat der gjin besteansrjocht mear is foar it swimbad.
© Omrop Fryslân, Wytse Vellinga
Neffens wethâlder Gea Wielinga is der in oerskot oan swimbaden yn de gemeente. Se hawwe yn 2012 in ûndersyk dwaan litten. Dêrút docht bliken dat it swimbad net rendabel is fanwegen te min besikers. Doe is it úteinlik net sletten. "In 2015 hebben ze tijd gevraagd om te kijken of ze zelf nog iets konden betekenen", seit Wielenga.
"Die kans is ook gegeven. Onze gemeenteraad heeft ons ook nog de opdracht gegeven om te kijken of er niet andere exploitanten waren die het zwembad open wilden houden. Daar hebben we ook energie in gestoken. Daarnaast hebben we nog een onafhankelijk onderzoek laten doen om te kijken wat is nou echt de maatschappelijke waarde van het zwembad van Bolsward. Dat is natuurlijk vreselijk belangrijk", seit de wethâlder.
"Maar ook de financiële waarde, want we moeten met zijn allen wel goed op ons geld passen. Daaruit is duidelijk geworden dat dit zwembad niet draaiende gehouden kan worden zonder forse gemeentelijke subsidie", sa seit Wielinga.

Alderein

Neffens Wielinga sil it sluten fan it swimbad foar mar ien doelgroep echt problemen opleverje: de âlderein. "Daar willen wij nu mee in gesprek", seit de wethâlder. "Ik wil graag in gesprek met de ouderenbond en in gesprek met Bloemkamp (fersoargingstehûs yn Boalsert, red.) om te kijken wat we voor elkaar kunnen betekenen. Of we moeten iets doen met taxivervoer. Maar vooral ook van de ouderen horen waar zij behoefte aan hebben", sa seit Wielinga.
De kâns is lyts dat der fan it B en W út noch in oar beslút oer it swimbad falle sil. "Het zal altijd spijtig zijn. Maar het is wel een heel weloverwogen traject geweest vanaf 2012. Je moet wel goede dingen doen met z'n allen in de gemeente", seit Wielinga.
Yn septimber sil de ried gear oer de foarstellen fan it kolleezje.
Kolleezje wol subsydzje swimbad Boalsert ynlûke