Provinsje komt mei twa nije stipemaatregels foar bedriuwen en organisaasjes

27 aug 2020 - 19:49

Bedriuwen en organisaasjes kinne in bydrage oanfreegje foar opliedingskosten fan meiwurkers en foar it begelieden fan in stazjêr. Mei yngong fan 1 septimber geane dy twa maatregels fan de provinsje fan start. De regelingen binne bedoeld om bedriuwen en oare organisaasjes yn dizze swiere ekonomyske tiden te stimulearjen om yn harren meiwurkers te ynvestearjen.

Sander de Rouwe

Dêrneist wol de provinsje mei de temjittekomming foar staazjebegelieding de drompel ferleegje om in stazjêr oan te nimmen. Foar beide subsydzjeregelingen is 300.000 beskikber.

Deputearre Sander de Rouwe: "Yn dizze tiid wolle wy ûndernimmers en organisaasjes bystean wêr't wy kinne. Krekt no is lok, brede wolfeart, wichtiger as ea. Mei ús maatregels wolle wy bedriuwen stypje en ynvestearje wy tagelyk yn ús ûnderwiis."

Staazjeplakken

Troch de coronakrisis hawwe in soad studinten it yn it ôfrûne jier dreech hân om in staazje te finen of se moasten fan needs mei harren staazje ophâlde. Potinsjele staazjejouwers hiene troch de krisis oare prioriteiten of koene troch de coronamaatregels dreech of gjin feilige staazje oanbiede. Mei de subsydzjeregeling staazjeplakken wol provinsje Fryslân ûndernimmingen en organisaasjes stimulearje om in feilich staazjeplak oan te bieden oan studinten fan it Praktijk Onderwijs, Voortgezet Speciaal Onderwijs, MBO, HBO en WO.

Alle Fryske ûndernimmingen en organisaasjes dy't staazjeplakken beskikber stelle, kinne in fergoeding oanfreegje, útsein oerheden. De stazjêr hoecht net perfoarst in studint te wêzen dy't by in Fryske ûnderwiisynstelling ynskreaun stiet. Foar in staazje dy't tusken de 280 en 400 oeren duorret, kin it staazjebedriuw 1.000 euro oanfreegje. Foar in staazje dy't mear as 400 oeren duorret is it bedrach 1.500 euro.

Subsydzje

De subsydzjeregeling arbeidsmerkoplieding stimulearret bedriuwen en organisaasjes om te ynvestearjen yn ûnderwiis fan wurkjouwer en wurknimmers. Dêrmei wol provinsje Fryslân de Fryske arbeidsmerk fuortsterkje en ynsette op in learkurve by wurkjouwer en wurknimmers dy't omheech giet.

De regeling kin ynset wurde foar opliedingen, trainingen, seminars of kursussen. It subsydzjepersintaazje is 70% fan de totale kosten mei in maksimum subsydzjebydrage fan 4.000. Organisaasjes dy't by de Kamer van Koophandel ynskreaun steane, kinne de regeling oanfreegje. Dat binne mkb-ûndernimmingen likegoed as oare organisaasjes.

De regelingen binne fan 1 septimber 2020 ôf oan te freegjen fia it Samenwerkingsverband Noord-Nederland. By beide regelingen is 300.000 subsydzje beskikber en jildt, wa't it earst yn 'e roef komt hat kâns fan plak.

Sander de Rouwe

(Advertinsje)
(Advertinsje)