Húshâldingen yn Fryslân meast duorsume fan Nederlân

Húshâldingen yn Fryslân binne it meast duorsum fan hiel Nederlân. Dat seit enerzjybedriuw Vattenfall, dat hat dêr ûndersyk nei dien. Dêr docht út bliken dat Fryske húshâldingen it goed trije kear better dogge as it lanlik gemiddelde.
© Omrop Fryslân, Bauke Deelstra
Sa hat goed 13 persint hjir sinnepanielen op it dak, tsjin njoggen persint lanlik. Harns skoart hjir yn Fryslân it heechste, dêr hat sawat ien op de trije húshâldingen sinnepanielen op it dak. De gemeenten Amelân, Opsterlân en De Fryske Marren fiere de ranglist oan as meast duorsume gemeenten.

Besjoch it folsleine oersjoch

Wolst dyn eigen gemeente fergelykje mei de rest fan Nederlân? Besjoch hjir it folsleine oersjoch.