De Koegelwieck fan Doeksen alwer oan de kant fanwegen technyske problemen

De flugge boat De Koegelwieck fan Rederij Doeksen leit kommend wykein alwer oan de kant fanwegen technyske problemen. Dat is fan 't simmer al trije kear earder bard.
Sneltsjinst de Koegelwieck © Omrop Fryslân, Ronald van der Pol
Fan freed oant en mei moandei ferfalle der mei inoar 22 ôffearten. Neffens rederij Doeksen giet it om in yngewikkeld technysk probleem.