Arrestaasjeteam hâldt fan sjitpartij fertochte Amsterdammer (21) oan yn Ljouwert

27 aug 2020 - 14:46

In 21-jierrige Amsterdammer is woansdeitemiddei troch in spesjaal arrestaasjeteam oanhâlden yn Ljouwert. De man kaam nei foaren yn it ûndersyk nei de besjitting fan in wenning yn de Vechtstraat yn Amsterdam-Súd op deselde dei.

It arrestaasjeteam yn aksje, by in oare ynfal - Foto: Kappers Media

In oare fertochte, in 20-jierrige Amsterdammer, waard yn de nacht fan woansdei op tongersdei oanholden yn syn wenplak. De mannen sitte yn beheining, wat betsjut dat der op dit stuit gjin mear ynformaasje troch de plysje jûn wurde kin.

(Advertinsje)
(Advertinsje)