Coronaspiler Calvin Mac-Intosch start it seizoen dochs yn de basis by Cambuur

Calvin Mac-Intosch begjint yn de earste thúswedstriid fan it seizoen by Cambuur yn de basis. De tsjinstanner is NEC Nijmegen. Mac-Intosch waard earder troffen troch it coronafirus, mar de sintrale ferdigener hat amper lêst hân.
Mac-Intosh
Mac-Intosch is topfit no en kin spylje. Hy foarmet freed in duo yn it sintrum, mei Sven Nieuwpoort, dy't de blessearre oanfierder Erik Schouten ferfangt. Sambissa, Bangura, Akoy en twadde keeper Pieter Bos binne ek blessearre.

Coronasoargen by Henk de Jong

Trainer Henk de Jong hie ôfrûne wike ek te meitsjen mei corona. Syn frou Diana hie klachten. Beide binne lykwols negatyf test. De Jong kin dus gewoan as trainer op de bank sitte.
Hy hat sin oan it seizoen. "Ja, ik ha der echt sin oan om te fuotbaljen. It wie in lestige tarieding, je hawwe mei allegear bysûndere saken te meitsjen. Mar we dogge der alles oan om it yn goeie banen te lieden."
De Jong
Oer de seleksje is de trainer fan Cambuur poerbêst te sprekken. "Dy jonges traine geweldich. It is in topgroep. En ja, der is altyd sprake fan in ûnwisse sitewaasje. Elkenien wurdt in dei foar de wedstriid test op corona. De útslach komt op de wedstriiddei. Dan kinne der samar ien of twa ôffalle. Dat makket it wol spannend."

In bysûndere tarieding

Ferdigener Calvin Mac-Intosch hat ek wol nocht oan it begjin fan de kompetysje. Hy sprekt ek fan in bysûndere tarieding, no't er sels konfrontearre waard mei it coronafirus.
"We worden iedere week getest op de club. Toen bleek dat ik het had, maar ik had eigenlijk nergens last van en ben nu echt fit."
Mac-Intosch is boppedat optimistysk oer it nije siezoen. "We hebben een goede voorbereiding gehad, met prima wedstrijden tegen FC Zwolle en FC Emmen. We zijn er wel klaar voor."
Opstelling Cambuur: Stevens; Ter Heide. Mac-Intosch, Nieuwpoort, Schmidt; Hoedemakers, Maulun, Jacobs; Kallon, Mühren, Antonia.