Simmerblog: Simmer yn Rotsterhaule, Sint-Jânsgea en Reahel

27 aug 2020 - 18:00

Omrop Fryslân is de hiele dei yn Rotsterhaule, Sint-Jânsgea en Reahel. Yn dit simmerblog in oersjoch fan alle ferhalen.

18:00
Ein

Hjirmei komme we oan de ein fan dit blog, tank foar it folgjen.

Freed binne we yn Penjum. Oant dan.

Besjoch de teleyzje-útstjoering:

17:20
Kok strânpaviljoen makket sels drûge woarst
Foto: Omrop Fryslân, Maaike van der Hoek

Kok Tim Ebbing kaam middenyn de coronatiid by strânpaviljoen te wurkjen. "Dat seagen wy net oankommen. Mar op in camping is altyd wat te dwaan, dat doe haw ik hovenier west. Túch fuorthelje en kantsjestekke op it gersfjild. Dat soart wurk."

Tim makket út leafhawwerij al sûnt in jier of fjirtjin rollades. Dêr is no drûge woarst by kaam. Dy makket er ek sels, nei in geheim resept. Syn drûge woarst is net yn de winkels te keap. Inkeld freonen en kunde kinne de woarst krije. En de woarst fan Tim stiet op de menukaart fan it strânpaviljoen.

Tim Ebbing

16:20
Camping en strânpaviljoen oan de Tsjûkemar
Foto: Omrop Fryslân, Maaike van der Hoek

Sawat 55 jier ferlyn begûnen de pake en beppe en de heit en men fan Petra Heida mei strânpaviljoen Tjeukemeer by Reahel. Der is ek in camping by, mei fêste lisplakken.

Petra hie it de ôfrûne simmer sa drok dat se twa kear de saak tichtsmiten hat en lekker it wetter op gien is. No is it wat oersichtliker mei de drokte.

De camping is noch iepen oant oktober. It strânpaviljoen gie oars altyd yn it winterseizoen ticht. Mar no hawwe se besluten om dochs mar it wykein iepen te bliuwen, ek om it minne foarseizoen te kompensearjen.

Foto: Omrop Fryslân, Maaike van der Hoek

Petra Heida

15:10
Bouaktiviteit by fuotbalklup De Wite Peal
Foto: Omrop Fryslân, Maaike van der Hoek

By fuotbalklup De Wite Peal binne se nije klaaihokken oan it bouwen. De lêste tiid binne der in soad froulike spilers by kaam. De Wite Peal hat 285 spyljende leden. It is in geselllige feriening, seit foarsitter Jan Boender. Ien grutte famylje. As der putsjes binne, stean de frijwilllgers altyd klear

De klaaihokken wurde betelle mei sponsorjild en mei liend jild. Want de rinte is no leech, neffens de foarsitter. De kompetysje begjint aansen wer en it doel is om út te kommen by de easte trije of yn de neikompetysje. Dan is der kâns op promoasje.

Jan Boender

13:40
Breafabryk

By it breafabryk Van Dijk yn Sint-Jânsgea begjinne de earsten al nachts om 2 oere te wurkjen. De baktiid fan brea is mar leafst achttjin oeren. Hurdbakke is der net by, want dan wurdt it te drûch of te swart, seit Henk van Dijk (75) dy't Maaike van der Hoek mei de Omropmikrofoan in rûnlieding jout. Henk is offisjeel gjin baas mear. Syn soan hat it oernaam.

Foto: Omrop Fryslân, Maaike van der Hoek

Earstiids wie brea earmeljusiten. No is it mear in lúkseprodukt foar minsken dy't ôffalle wolle. Der sitte in soad fezels yn. Dy fertarre minder goed en dus is it goed foar de terms, neffens Henk van Dijk.

Yn it begjin fan de coronatiid moasten se by Van Dijk efkes hiel hurd wurkje. Brea wie, lykas húskepapier, in produkt dat de winkels út fleach, safolle flecht wie der op 'e koai.

Oft Henk thús ek in soad brea yt? In bakbrogge, ek wol brea mei bak en tsiis neamd, miskien? Van Dijk ken alle farianten wol. Mei bôle kin it ek, laket er.

Foto: Omrop Fryslân, Maaike van der Hoek

Henk van Dijk

12:40
Hoe is wenjen yn Rotsterhaule?
Foto: Omrop Fryslân, Maaike van der Hoek

Lykas yn in soad oare doarpen is ek yn Rotsterhaule de beskikberens fan wenhuzen in punt. Om derachter te kommen wat de ynwenners wolle hâldt Doarpsbelang Rotsterhaule in enkête. Politisy út de gemeente komme freed del. Se krije dan te hearren wêr't it doarp ferlet fan hat. Alles folbouwe is ek net wat de measte minsken wolle, tinkt Thijs Maat fan Doarpsbelang.

En hoe sit it mei de jeugd? Doe't de corona yn it lân kaam, naam ek de oerlêst troch jongerein ta. Doarpsbelang hat tegearre mei de jeugd bankjes pleatst. No is de oerlêst in stik minder wurden.

Thijs Maat

11:40
Joaden ôffierd nei Westerbork
Foto: Omrop Fryslân, Maaike van der Hoek

Yn Reahel en omkriten is in histoaryske rûte útset mei ynformaasjepanielen. Dêr stiet ynformaasje op oer wat yn de Twadde Wrâldoarloch bard is yn it gebiet.

Sa ek oer twa manlju dy't in heal jier ûnderdûkt sieten op in boatsje op it Nannewiid. Dêrwei stjoerden se ynformaasje nei Ingelân. Mar se waarden ferret en moasten gau meitsje dat se fuortkamen. Oan de rûte dêr't se del kamen, stiet ien fan de ynfopanielen.

Foto: Omrop Fryslân, Maaike van der Hoek

In oar boerd giet oer Richard Jung, in Tsjechsyke soldaat dy't hjir ûnderdûkt siet. Hy fûn de dea en leit hjir op it tsjerkhôf, Syn ferhaal is no ek nei te lêzen op in boerd.

Dejingen dy't de rûte opset hawwe, wolle dat der ek in paniel komt foar it Joade- en Ambonezenkamp dat yn en nei de oarloch yn it plak wie. De Joaden yn it kamp binne ôffierd nei Westerbork, fertelt Andrea Meilink, ien fan de inisjatyfnimmers fan de rûte. In wite peal stiet dêr no as ferwizing nei it ferline. De Wite Peal is ek de namme fan de pleatslike fuotbalklup. Mear ynformaasje it te finen op www.sintjut.frl.

Andrea Meilink

10:40
Natuergebiet Easterskar
Foto: Omrop Fryslân, Maaike van der Hoek

Ferslachjouwer Maaike van der Hoek praat mei Michel Krol fan natuerorganisaasje It Fryske Gea oer it Easterskar. Reiden, sompelân, iepen wetter fan petgatten en in pear sânputten. It lânskip sa't it no is, is ûntstien doe't it fean ôfgroeven waard.

Michel Krol

10:15
Driuwend ytkafee
Foto: Omrop Fryslân, Arjen Bosselaar

Klaas en Afke Vlig hawwe sûnt tweintich jier in jachthaven oan de râne fan de Tsjûkemar by Reahel. Se wenje ek op it terrein. "Hjir wie neat, wy hawwe alles eigenhannich opboud", fertelt Klaas.

Sûnt in pear jier hawwe se ek in driuwend ytkafee. Dêr krije se net allinnich gasten fan de haven oer de flier, ek minsken út de omjouwing binne fêste klant. De gasten kinne dêr genietsje fan it "moaie, romme útsicht", sa Afke it seit.

Klaas hat der noch oar wurk by. Hy fart foar syn berop mei syn soan op in sleepboat. De maritime eleminten binne werom te finen yn it kafee. Sa is der in skipsbel, in marifoan en in wetterpompke út de jierren '50 te sjen.

Afke en Klaas Vlig yn harren driuwende ytkafee

9:50
De Wite Peal
Foto: Omrop Fryslân, Arjen Bosselaar

Minne Modderman wit in soad oer de skiednis. Wy treffe him by it plak dêr't foarhinne in feart wie dêr't de skippen fan de Tsjûkemar nei It Hearrenfean del kamen. De feart is no in dyk wurden.

De eardere feart by Rotsterhaule is no in dyk wurden - Foto: Omrop Fryslân, Arjen Bosselaar

Fierders komt De Wite Peal te praat. Dat is de namme fan de fuotbalklup en in kamp dat der no net mear is. De namme komt fan in peal dy't op in gemeentegrins stie. Yn it kamp sieten arbeiders dy't de boel ûntginne moasten en letter Ambonezen. Dy lêsten wiene frij om te gean en te stean wêr't se woene. Guons wurken by Modderman yn de bakkerij.

Minne Modderman

9:40
Modderman begjint al yn maart mei pipernútbakken
Foto: Omrop Fryslân, Arjen Bosselaar

Bakkerij Modderman is in bekende namme yn Fryslân en miskien ek wol dêrbûten. Yn Rotsterhaule prate wy mei Minne Modderman. Syn pake naam yn 1916 de bakkerij oer fan in oare bakker. Al gau skafte er in masine en in auto oan. Dat wie foar dy tiid foarútstribjend.

Eartiids wiene der in soad bakkers yn de trije doarpen. Dêr binne no noch mar trije fan oer. By Modderman bakke se koeken en pipernuten, ek dy mei in laachje sûkelade. Yn maart begjinne se al te bakken foar de leveringen mei Sinteklaas. De pipernuten lizze dan wol folle earder as ein desimber yn de winkels.

Minne Modderman

9:30
Wolkom!

Wolkom yn dit simmerblog. Simmer yn Fryslân is yn Rotsterhaule, Sint-Jânsgea en Reahel. Ferslachjouwers Arjen Bosselaar en Maaike van der Hoek dogge de hiele dei ferslach.

Woansdei wie Simmer yn Fryslân yn Ychtenbrêge, Dolsterhuzen en Ychten. Dat kinst hjir neilêze.

Foto: Omrop Fryslân

Dit is de lêste wike dat de ferslachjouwers fan Omrop Fryslân in toer meitsje troch de provinsje. Acht wiken lang strutsen se del yn ferskate doarpen en stêden yn Fryslân. Op omropfryslan.nl/simmer is te sjen wêr't se allegearre al west ha.

Jûn om 17.15 oere, en dêrnei om 'e healoere, is Simmer yn Fryslân op telefyzje te sjen.

(advertinsje)
(advertinsje)