Kollum "Kosmopolitysk"

"Al de hiele wike giet it ûnder myn freonen en op sosjale media oer in artikel yn Het Parool: 'Amsterdam, wereldstad op zijn retour'. De haadstêd kriget flinke klappen troch de gefolgen fan it coronafirus, skriuwt de krante.
© Omrop Fryslân
De toan fan Botte Jellema
Yn it stik komt in emearitus heechlearaar demografy oan it wurd oer de takomst en posysje fan Amsterdam as stêd. Mar de sjoernalist yn kwestje permittearret himsels ek teksten as 'Amsterdammers, ach ja, ze voelen zich meer verwant met New York dan met Arnhem'. Ik tink dat er hope hie mei dat 'ach ja' de boel te relativearjen, mar sjoen de reaksjes is dat net hielendal slagge. Amsterdammers wurde no bespotlik makke. En dat is terjochte.
Ach ja, Amsterdammers. Ik bin der sels ien, in heal libben lyn hjir hinne ferhuze. Alteast, der binne minsken dy't fine dat je nea Amsterdammer wurde kinne as je der net berne binne. Sa't minsken dy't nei Fryslân ferhuze binne nei tritich jier ek noch altyd 'ymport' neamd wurde. Al kinne sy soms better Frysk skriuwe as de oaren yn it doarp, omdat sy ál in kursus dien ha by de Afûk. Sjoch ris nei ús kommissaris fan 'e Kening.

Elkenien dy't ris yn New York west hat, of sels London of Parys, wit dat Amsterdam him ta New York ferhâldt as De Lemmer ta Ljouwert. Neat mis mei De Lemmer, mar ik tink net dat je Ljouwert en De Lemmer gau troch inoar helje. Yn it stik fan Het Parool stiet dat Amsterdam in kosmopolitysk karakter krigen hat, troch alle ynternasjonale wurknimmers en studinten dy't nei de stêd kamen. It brocht jild mei, en yn 'e strjitten fertaalde him dat nei kofjesaken dêr't je kapitalen foar in bakje betelje, en de bestelling yn it Ingelsk giet.

Ik betrape mysels der juster ek op. Ik helle in pakje ôf yn in winkel dêr't ik noch net earder west wie. Ik spruts de meiwurker yn it Ingelsk oan. Ik tocht der net iens oer nei. Se antwurde yn it Nederlânsk, en doe fielde ik my nochal in sukkel. Wie ik no ek sa'n domme stomme kwasy-kosmopolityske omheech fallen Amsterdammer? No ja, dan soe ik yn elk gefal Amsterdammer wêze, einliks.

Bûten de winkel seach ik in reklameboerd. Der stie op: 'Fierljeppen in Friesland? Why not?!' Taalkundich bart der in protte. Frysk, Nederlâns en Ingelsk, yn fiif wurden. En 'fierljeppe' wie fer-Nederlânske mei in ekstra 'n' derefter. It Ingelske 'why not' is nochal skiterich ûnferskillich, as of je like goed wat oars dwaan kinne, wat trouwens ek sa is, al wie it mar om't ik fierljeppen assosjearje mei it foarjier en net mei ein augustus, wat it no is.

Mar slimmer noch, alteast, ik makke my der echt sa lilk oer dat ik tocht: wêr komt dit wei, is 'Friesland'. Ik ha 'Friesland' even opsocht op wikipedia, om't ik sels ek net mear wist hoe't it krekt siet, mar jawis, 'Friesland' hjit sûnt 1997 offisjeel 'Fryslân'. Yn it deistich taalgebrûk is dat net echt trochkrongen, dat snap ik ek wol, want gjin inkelde net-Frysk-sprekker kin de 'â' sizze. Sels ús kommissaris fan de Kening fan Fryslân hat der noch altyd wat muoite mei.
Dus dêr stie ik, yn it sintrum fan Amsterdam, in foto te meitsjen fan dat rotboerd, en it op Instagram te setten mei de passyf-agressive tekst 'De provincie heet al drieëntwintig jaar Fryslân', en trije tellen earder stelde ik myn fraach yn de Amsterdamse winkel noch yn it Ingelsk.

It is in soadsje. Het Parool skriuwt dat der al jierren in trek geande is fan Amsterdammers nei bûten de stêd. Foaral minsken mei bern, dy't dus hûzen nedich ha mei mear keamers, kinne gjin betelbere wenning fine yn Amsterdam. De demograaf fertelt dat der in protte huzen kommen binne foar de hegere ynkommens, en dat der noch altyd in soad sosjale wenten binne foar de legere ynkommens. De middenklasse kin de huzen hjir net betelje, foar safier se der überhaupt binne.

Oant sa fier it kosmopolityske fan Amsterdam. Want it is goed om te witten dat de fjouwerkantemeterpriis yn in stêd as Amsterdam echt in lachertje is yn fergelyk mei Londen, Parys en al hielendal New York. No't corona húshâldt yn de ekonomy fan de stêd, en de expats en ynternasjonale studinten fuort bliuwe, krimpt Amsterdam, foar it earst sûnt hiel lang. Amsterdammers, ach ja. Ik winskje Fryslân in soad sterkte, mei de komst fan in de nije ymport."