Omrop TIP: Omrop Fryslân komt nei 20 jier mei 'nij' SimmerTime-konsert

Omrop Fryslân sil it slotkonsert fan Simmer 2000, SimmerTime, tweintich jier letter noch ris oer dwaan. Op sneon 29 augustus sille deselde artysten it SimmerTime op 'e nij útfiere. It konsert is de ôfsluting fan in simmer lang omtinken foar Simmer 2000 yn it programma Sneon yn Fryslân. Yn ferbân mei de coronamaatregels is it konsert diskear ek allinne fia radio en telefyzje te folgjen.
Sjoch hjir nei de hichtepunten út it konsert fan 20 jier lyn.
De Kast, Piter Wilkens, Albert Bonnema en Maaike Schuurmans komme op 29 augustus nei Boazum om konsert nochris oer te dwaan. Sneon yn Fryslân is dêr live by, alles is foar eltsenien live te folgjen fan 13.00 oant 18.00 oere op radio en telefyzje by Omrop Fryslân.
Simmer 2000, is in begryp yn ús provinsje. Trije wike lang waarden der tal fan aktiviteiten organisearre. Friezen om utens kamen mei Simmer 2000 werom nei Fryslân. Dy trije wiken mei eveneminten, eksposysjes en foarstellingen waarden ôfsletten mei in grut slotkonsert mei optredens fan De Kast, Rients Gratama, Piter Wilkens, Maaike Schuurmans en Albert Bonnema.
It projekt is in inisjatyf fan presintator en ferslachjouwer Geert van Tuinen. "Wy binne der efterkaam dat Simmer 2000 en de muzyk noch hieltyd libbet. Alles kaam dat jier byinoar yn in prachtige konsert en dus moast dat der dit jier fansels ek komme", sa seit Van Tuinen.
Yn de simmer fan 2020 seach Omrop Fryslân acht wiken lang werom op dy magyske simmer. Dit feestlike weromsjen begûn sneon 11 july mei in lokaasje útstjoering yn Boazum. Fierders binne der alle sneonen yn it radioprogramma Sneon yn Fryslân ferskate reportaazjes útljochte en gasten ûntfongen yn de studio. Mei in grut slotstik kommende sneon wurdt de weromblik op in heuchlike wize ôfsletten.