Plysje sjit meardere kearen by oanhâlding yn Snits

27 aug 2020 - 09:18

De plysje hat meardere kearen sketten by de oanhâlding fan in man yn Snits. It gong om warskôgingsskotten. Dat meldt de plysje.

De Prins Hendrikkade yn Snits - Foto: Google Street View

In wurdfierder fan de plysje fertelt oer de sitewaasje

De plysje hie in melding krigen oer in 34-jierrige man út Snits mei in fjoerwapen yn in gebou oan de Prins Hendrikkade. Dat wie tongersdeitemoarn betiid, om healwei twaën hinne.

Doe't de plysje oankaam, wie de man al bûten. Dêr woe de plysje him oanhâlde. mar de Snitser wurke net mei. Plysjes ha doe pepperspray brûkt, en warskôgingsskotten brûkt.

Neffens de plysje kaam de melding út in bedriuwspân. Dêr is gjin fjoerwapen oantroffen, mar de man soe wol in mes hân ha.

De plysje meldt dat der net ien ferwûne rekke is by it ynsidint.

Trefwurden: 
plysje Snits
(advertinsje)
(advertinsje)