Sven Kramer begjint mei eigen reedrydakademy: "Bern moatte wer op it iis"

27 aug 2020 - 10:30

Sven Kramer begjint mei in eigen Sven Kramer Academy. De njoggenfâldich wrâldkampioen allround wol him op dizze wize ynsette foar de breedtesport, want hy sjocht dat der hieltyd minder bern op it iis stean.

Mei it inisjatyf wol de reedrider wat werom dwaan foar de sport dêr't hy sa fan hâldt. "It belangrykste is dat we safolle mooglik bern yn oanrekking komme litte wolle mei it iis", seit Kramer. "Dat kin langebaan wêze, dat kin shorttrack wêze, dat kin maraton of keunstriden wêze. Mar se moatte wer op it iis. De lêste jierren is dat eins in bytsje weromrûn en dat is hiel skande."

De Sven Kramer Academy is in stichting, fertelt Kramer. "It is in non-profit organisaasje wêrby't we gjin winst meitsje wolle. We wolle echt elke euro besteegje oan de bern. Ik tink dat dat hiel belangryk is."

Syn eardere ploechgenoat Douwe de Vries is ek belutsen by it projekt. Hy leit de klam derop dat de Academy gjin konkurrint is fan de gewoane iisklups. "We ha hjir (yn Thialf, red.) in geweldich moaie 330-meterbaan en dêr leare we dan bern, mar ek âlderen en bedriuwen ride. We kinne fan alles fersoargje om minsken wer in bytsje entûsjast te krijen foar it riden."

(advertinsje)
(advertinsje)