Rapport oer fergunningen festivals makket yndruk op gemeenteried Ljouwert

It rapport oer de festivalfergunningen fan de rekkenkeamer hat djippe yndruk makke op guon Ljouwerter politike partijen. Sa is kolleezjepartij PvdA bot skrokken fan de konklúzjes dy't der lutsen binne, mar ek opposysjepartij VVD nimt de krityk bot serieus. Dizze wike waard it rapport presintearre wêryn't de gemeente ûnder oaren fan tunnelfyzje beskuldige waard. Ek soe der te min nei de boarger harke wêze en útspraken fan de rjochter net goed útfierd wêze.
Gemeenteried Ljouwert © Omrop Fryslân, Willem de Vries
PvdA-riedslid Mirka Antolovic is bot skrokken: "We vertrouwden erop dat alles volgens de regels was verlopen, maar nu lees je in het rapport dat dat niet helemaal het geval is geweest. Wat nog wel een beetje geruststellend is, is dat dat niet doelbewust is gegaan", sa seit sy.
Ynkoarten sil der yn de ried oer diskusjearre wurde, mar dan wol sûnder de ferantwurdlike wethâlder Sjoerd Feitsma, dy't yntusken in oare baan hat. Neffens Serge Hollander fan de VVD is dit gjin moaie erfenis foar de nije wethâlder Hein Kuiken. "Ik heb Sjoerd Feitsma lang meegemaakt, ook in de raad, en ik weet ook dat Sjoerd het met hart en ziel deed, en het met de beste bedoeling heeft gedaan, hij heeft misschien tunnelvisie gehad, dat kan, maar heeft ook veel voor elkaar gekregen", sa seit Hollander.
Ferslachjouwer Willem de Vries prate mei riedsleden Mirka Antolovic en Serge Hollander