GGD-direkteur Margreet de Graaf: "Ik wurke mear as 100 oeren yn de wike"

26 aug 2020 - 21:22

GGD Fryslân-direkteur Margreet de Graaf hat yn de earste faze fan de coronakrisis mear as hûndert oeren yn de wike wurke. Dat sei de bestjoerster woansdeitemiddei yn it radioprogramma Weistra op wei, dêr't se as mystery guest te gast wie. "Yn maart en april ha ik echt fierstente folle wurke. Dat hold ek net op yn it wykein. Dat wie fan moarns acht oant in oer of alve jûns", seit De Graaf.

Margreet de Graaf - Foto: Omrop Fryslân

As krisisfunksjonaris wie De Graaf ferantwurdlik foar de oanpak fan it coronafirus yn Fryslân, en dat wie flink trochwurkje. "Nei Keningsdei ha ik dat echt werombrocht en tocht ik: ik moat echt net nei achten wurkje. En dan fiif dagen no, dan giet it noch", seit De Graaf.

"Je moatte der wol goed om tinke. Ik moat sa no en dan even nei de kij sjen, even mei myn bern prate en even mei myn man op de bank. Ik ha wol noch trije kear yn 'e wike sporte, ek al is it hartstikke spannend allegearre, want oars hâlde je it gewoan net fol", seit de direkteur.

Brekpunt

Uteinlik waard it De Graaf te folle: "De tongersdei foar Keningsdei. Doe ha ik ek der trije dagen echt út west. Dan bist wurch. It rint net sa ast wolst dat it rint en dan wurdst emosjoneel en kribbich. Dat is it momint wêrop ik tink ik moat wol yn alle rêst en rasjoneel beslissingen nimme."

"Ik fernaam it oan mysels. No bin ik net mear der boppe-op, mar deryn. As krisisfunksjonaris moast der wol boppe-op bliuwe", sa seit De Graaf.

(Advertinsje)
(Advertinsje)