Caroline van de Pol foardroegen as nije boargemaster fan Skylge

26 aug 2020 - 20:21

Caroline van de Pol is troch de gemeenteried fan Skylge foardroegen as de nije boargemaster. De 58-jierrige politika fan de VVD is op dit stuit wethâlder yn de Noard-Hollânske gemeente Koggenland.

Caroline van de Pol - Foto: Gemeente Koggenland

Yn totaal hiene 41 minsken sollisitearre op de fakatuere fan boargemaster fan Skylge. It gie om 13 froulju en 28 manlju. De boargemasterspost fan Skylge kaam yn april frij nei it fuortgean fan Bert Wassink. Hy waard wethâlder yn Ljouwert. Jon Hermans-Vloedbeld folge him op as waarnimmend boargemaster.

De ried ferwachtet dat de nije boargemaster op 28 oktober yn de Westertsjerke ynstallearre wurde kin.

Caroline van de Pol oer har nije funksje

(Advertinsje)
(Advertinsje)