Fuotbalfroulju SC Hearrenfean no ek te sjen by FOX en de NOS: "Echt fantastisch"

26 aug 2020 - 19:48

It frouljusfuotbal set wer in stap foarút. Woansdeitemiddei is de ING as sponsor presintearre, de bank sil foar twa jier de earedifyzje frouljusfuotbal sponsorje. Earder wie al bekend wurden dat FOX Sports wykliks in wedstriid útstjoere sil en dat letter op de dei ek in gearfetting by de NOS te sjen wêze sil.

Foto: ProNews

"We hebben begin dit jaar met alle Eredivisie-clubs een convenant getekend en dat we nu al zo snel een eerste succes kunnen boeken met zijn allen is natuurlijk echt fantastisch", seit Jessica Roosenberg, foarsitter fan de froulju fan SC Hearrenfean.

It sukses fan de Oranje Leeuwinnen is de lêste jierren grut, mar oant no ta bleau de earedifyzje foar froulju altyd in bytsje efter. "Dat is altijd wat bijzonder, hè. Dat de Oranje Leeuwinnen het heel goed doen, maar dat de Eredivisie in de belangstelling altijd wat achter blijft. We hopen dat we nu met dit plan dat we met elkaar hebben bedacht en waar de KNVB de kartrekker van is, zichtbaarder worden. Daar helpen deze twee stappen gigantisch mee", seit Roosenberg.

Amerikaanske

De Fryske fuotbalklup timmeret ek ynternasjonaal oan de wei. Sa binne der al in Portugeeske en in Slowaakse spylster nei Hearrenfean helle en hat de klup no ek in deal sletten mei in Amerikaanske spylster. It slagget lykwols noch net om har nei Nederlân te heljen. "Alles is rond, verblijfsvergunning, contracten, alles is klaar. Maar ze kan hier niet komen omdat vanwege corona de grenzen met Amerika gesloten zijn. We zijn nu aan het wachten tot de overheid de beslissing neemt dat topsporters een uitzondering krijgen en wel naar binnen mogen. Dus het is elke dag spannend", seit Roosenberg.

"We hebben nu een flexibel ticket. Die datum is al een paar keer verschoven. Zodra we goedkeuring hebben kan ze hier ook naar toe. Alle papieren zijn in orde. Als we morgen een go krijgen, dan zit ze overmorgen in het vliegtuig", seit Roosenberg, dy't net fertelle wol om wa't it giet. It is lykwols gjin ynternasjonal. "Daar kennen we haar niet van, maar volgens onze staf is ze supergoed."

Foarsitter Jessica Roosenberg fan de froulju fan SC Hearrenfean

(Advertinsje)
(Advertinsje)