Flyers en Thialf kibje oer iisflier: ynternasjonaal toernoai kin net trochgean

26 aug 2020 - 18:16

Meardere toernoaien dy't begjin septimber los gean soene yn de iishockeyhal fan de UNIS Flyers stean faai, om't it iis yn de hal noch hieltyd net klear is. By de UNIS Flyers sit de frustraasje heech, en dan benammen dat net it goed kommunisearre is. Neffens direkteur Marc Winters fan Thialf wisten se by de Flyers lykwols al lang dat it iis op 1 septimber noch net klear wêze soe.

Flyers lilk op Thialf

Der leit op dit stuit noch gjin iis, om't der dizze simmer reparaasjes oan it liedingsysteem west hawwe. Dy binne noch net hielendal klear en dus leit der pas op 10 septimber iis yn de hal. "Dat betekent eigenlijk vrij acute problemen. We hebben in het weekend van 5 september een internationaal dames ijshockeytoernooi op het programma staan. Dat betekent dat clubs uit Duitsland en België hier naartoe komen om de strijd met elkaar aan te gaan. Je kan je voorstellen dat het bijzonder is dat die clubs in deze coronatijd naar Nederland komen. Ze hebben uiteraard ook al hotels geboekt, dus dat brengt kosten met zich mee", seit Lenneart Scheenstra, foarsitter fan de jeugdôfdieling fan de Flyers.

Lennart Scheenstra foarsitter fan de jeugdôfdieling fan de Flyers

Dat toernoai wie by Thialf lykwols net bekend, sa seit direkteur Winters. "Qua communicatie is dat een belangrijk punt in deze. Afgelopen week kwam ineens naar voren dat er dan een toernooi gepland is. Ik heb intern nagevraagd, maar er is verder helemaal niemand die iets wist van een toernooi op 5 en 6 september. Ik heb ook aan de ijshockeyvereniging gevraagd stuur ons eens de aanvraag voor het ijs, maar ik heb nog niets ontvangen. Ik denk dat er iets mis gaat met de communicatie van de vereniging onze kant op. Wij zijn niet op de hoogte van het feit dat er op 5 en 6 september een toernooi gepland was", seit Winters.

Dat toernoai kin dus net trochgean. Ta fernuvering fan de Flyers. "We hadden gepland om per 1 september weer te starten met ons ijshockeyseizoen. Dat hebben we ook zo afgesproken met Thialf. Twee weken geleden kregen we het bericht dat het ijs niet op tijd klaar zal zijn. Dat is een enorme teleurstelling", seit Scheenstra.

Foto: Martin de Jong

Neffens Thialf kloppet it net dat der pas twa wiken bekend is dat der op 1 septimber gjin iis leit. "We hebben dat 14 juli besproken, en ik heb dat 15 juli ook nog eens op papier gezet en gecommuniceerd. In de zomer is nog een paar maal contact geweest, dat het begin september lastig gaat worden. Uiteindelijk wordt die planning steeds nauwkeuriger. Op een gegeven moment hebben aangegeven dat er niet eerder ijs zal liggen dan ongeveer 10 september", seit Winters.

Der is lykwols noch wol in kâns dat it iis der al wat earder leit, mar it wykein fan 5 en 6 septimber slagget neffens Winters yn elk gefal net. "Misschien ligt het er een of twee dagen eerder, maar eerder niet", sa seit Winters. Flyers hat in septimber noch twa oare toernoaien op it programma stean, dy soene mei dizze planning wol trochgean kinne.

Marc Winters, direkteur fan Thialf

(Advertinsje)
(Advertinsje)