Alternative yntroduksjewike foar nije studinten: firtuele stedstour en hologram-artyst

26 aug 2020 - 16:48

Gewoanwei soe it yn Ljouwert no smoardrok wêze mei nije studinten dy't foar it earst yn 'e kunde komme mei harren studintestêd . Mar it Leip! Festival en tal fan oare aktiviteiten kinne dit jier fanwege it coronafirus net trochgean. Stichting Leeuwarden Student City hat dêrom in alternatyf plan betocht: in aktiviteitekarrûsel wêroan hieltyd maksimaal 100 studinten dielnimme.

Yntroduksje hegeskoallen

Underdielen binne ûnder mear in firtuele stedstour op spinningsfytsen en in optreden fan in hologram-artyst. Fierder wiene der lytse, coronaproof teäteroptredens. "We hebben natuurlijk gewoon te maken met de richtlijnen. We willen de studenten wel de echte beleving meegeven, die intimiteit en kennismaken met de stad. Je moet er wel rekening mee houden dat je met kleine groepen werkt en niet dicht bij elkaar kan komen", seit Carin van der Meij, direkteur fan Leeuwarden Student City.

Ien fan teäteroptredens hjit de Tube. "Een soort theatervoorstelling, maar het gaat via een lange buis. Vandaar de naam de Tube. De student zit aan de ene kant van de tube, en de voorstelling vindt aan de andere kant van de tube twee meter verderop plaats. Erg coronaproof", seit Van der Meij.

Nije studinten yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Willem de Vries

De Dútser Darian is ien fan de nije studinten oan de Campus Fryslân. Hy is ûnder de yndruk fan de Tube. "It is in hiele ynteressante foarm fan keunst", seit hy. "Ik seach in fûgel dy't opgroeit en in folwoeksene wurdt. Krekt as ik, oan it besykjen in nij libben op te setten. De muzyk dêrby wie sa ynspirearjend", seit Darian.

Ek de stêd Ljouwert hat in goede earste yndruk op him makke. "It is geweldich. Ik mei der wol oer. It is hiel cool, alle lytse grêften en moaie gebouwen. De minsken binne ek sa freonlik", seit Dorian.

De Tube - Foto: Omrop Fryslân, Willem de Vries

Ferslachjouwer Willem de Vries seach by de yntroduksje

It hat dreech west foar de organisaasje om in goede yntroduksjewike op te setten, mar sliepeleaze nachten hat Van der Meij lykwols nea hân. "We hebben een ontzettend goed team. Ik moet zeggen we zijn ook heel inventief geweest en elke keer weer met nieuwe ideeën gekomen", sa seit Van der Meij.

"Elke keer als er weer een nieuwsbericht komt vanuit de overheid, dan moet je kijken hoe gaan we hier mee om. We hebben heel veel verschillende opties verkend, ook op voorhand. Waardoor we heel veel verschillende opties hadden liggen waar we uit konden kiezen."

Ferslachjouwer Willem de Vries by de yntroduksjewike

(Advertinsje)
(Advertinsje)