Kultuerburo Art Connection kin wer los en start mei 18 nije eksposysjes

26 aug 2020 - 16:35

Op 18 plakken yn Fryslân wurde dizze dagen nije eksposysjes ynrjochte. Kultuerburo Art Connection hinget wurk fan regionale keunstners yn soarchynstellingen, biblioteken en hoareka. Gewoanwei wikselet dat alle twa moannen, mar fanwegen corona koe dat lange tiid net.

Art Connection hinget wer keunst op

De eksposysje-lokaasjes wienen troch de lockdown ticht. Dêrtroch lei it wurk fan Art Connection ek stil. De skilderijen ha der al dy tiid hongen. Ed van Dijk fan Art Connection is bliid dat se no wer tentoanstelle kinne.

"Alle exposities starten weer. Na de vakantie hebben we der een heleboel tegelijk. Deze week heb ik er een stuk of twaalf die ik moet inrichten. Geen punt, maar het kan gelukkig weer van start gaan."

Yn de lobby fan it WTC-hotel yn Ljouwert hinget al in nije eksposysje fan Dolly Leemans. Oare lokaasjes binnen bygelyks it refalidaasjesintrum fan Noorderbreedte yn Ljouwert, de biblioteek yn Hurdegaryp, Hegeskoalle Stenden en yn restaurants as Lokaal op Hatsum yn Dronryp en ytkafee Spinoza yn Ljouwert.

Art Connection hat as doel om de keunstner te promoatsjen en om kultuer tichter by de minsken te bringen. It kultuerburo set ek wer útein mei de moanlikse muzykkonserten yn de Kanselarij yn Ljouwert. Alle nije eksposysjes binne nei takom wike wer te sjen.

Ed van Dijk fan Art Connection

Eksposysje yn WTC-hotel - Foto: Omrop Fryslân, Ronnie Porte
(Advertinsje)
(Advertinsje)