Wat fynsto it moaiste Fryske wurd? Hûnderten suggestjes kamen binnen

26 aug 2020 - 16:31

De Fryske taal libbet, dat docht mar wer bliken ast fregest nei it moaiste Fryske wurd. Dy oprop is suver 'ûntploft' op sociale media en radio by Omrop Fryslân. Hûnderten suggestjes kamen binnen op Facebook, op de poll op Instagram en op de app.

Foto: Omrop Fryslân

Elkenien hat wol in favoryt wurd: dat kin in 'ludyk' wurd wêze, in grappige oersetting lykas izeren lûkbealch foar lokomotyf, mar ek autentike Fryske wurden binne in soad ynstjoerd, dêr sitte ek minder bekende wurden by.

Fansels is sa'n ferkiezing folslein subjektyf, en is it dreech om út safolle moais te kiezen. Dêrom hawwe we twa kategoryen betocht: ien foar in hilaryske ferfrysking en ien foar in autentyk Frysk wurd dat je net sa faak mear hearre.

De winners:

  • flean-lâns-de-wei-wetter (benzine), ynstjoerd troch Alie Pitoy-van der Veen
  • ornaris (yn 'e regel), ynstjoerd troch Sjoerd

In seleksje fan ynstjoerde suggestjes:

doarmje, omtoffelaaien, donderdeldoekje, ferdivedaasje, poppeslok,
útnaaibultsje, krûpelhintsje, twirre, rûchskerne, njonkenlytsen, fjouwerje, bernejister, tûk, smûkskaadzjend, twallingmûtske, fernoege, halje-trawalje, sabeare, swilkje,
bjusterbaarlik, babbelegûchjes, fertutearze, sykhelje, oankrûperswaar, harkenieltsje,
tûkelteammen, nútsjesmoar, pikestjelp, bargebiten, skytskoarje, neigesetsje, touterje,
okkerjiers, nokkerbeantsje, bûsgroentsje, grutsk, snoadfoan, risselwaasje meitsje, bjusterbaarlik, bûtensitterswaar, hearegodsblokken, widze, tusearten,
tútsjebekjeboartsje, baitsjebokse, snútkapke, argewaasje, skytskoarje.

Trefwurden: 
Frysk taal poll
(Advertinsje)
(Advertinsje)