Fakbûnen driigje mei aksjes by Biddle yn Koatstertille

26 aug 2020 - 16:12

As de direksje fan Biddle yn Koatstertille net foar freedtemiddei 5 oere mei in goed sosjaal plan komt, folgje der aksjes by it bedriuw. Dat sizze de fakbûnen FNV en CNV Vakmensen. Biddle yn Koatstertille makket fentilaasje- en klimaatsystemen foar bygelyks winkels, hotels en fabriken.

Foto: Omrop Fryslân, Johanna Brinkman

Yn Koatstertille wurkje 64 minsken. Troch in reorganisaasje reitsje 12 oant 17 meiwurkers harren baan kwyt.

De fakbûnen easkje in goed sosjaal plan, mar ûnderhannelingen dêroer binne oant no ta op neat útdraaid. Neffens de fakbûnen seit it bedriuw dat der gjin jild is foar in goed sosjaal plan, mar it fakbûn leaut dêr neat fan. Ek it personiel soe yntusken hielendal klear wêze mei de ôfwizing fan it bedriuw.

Watfoar aksjes der freed eventueel komme, is noch net dúdlik. De fakbûnen wolle earst it ultimatum ôfwachtsje en sille dan mei de leden oerlizze oer mooglike aksjes.

Biddle yn Koatstertille wie net berikber foar in reaksje.

(Advertinsje)
(Advertinsje)