Corona-testlokaasje fan de GGD ferhuzet fan Snits nei Drylts

De coronatestlokaasje fan de GGD yn it súdwesten fan Fryslân ferhûzet fan Snits nei Drylts. Kommende freed iepenet de GGD dizze foarsjenning yn it eardere gemeentehûs oan de Stadslaan yn Drylts. De testlokaasje yn Snits wie yn sporthal De Spil, mar dy sporthal moat wer brûkt wurde foar de sealsporten.
© Shutterstock
Foar de nije lokaasje yn Drylts is ûnder oaren keazen, omdat dy goed te berikken is en foldwaande parkeargelegenheid hat.
Njonken de lokaasje yn Drylts hat de GGD noch twa oare plakken dêr't coronatesten dien wurde. Dat is oan de Brandemeer yn Ljouwert en oan de Eikesingel yn Drachten. Op de Waadeilannen wurde testen by de húsdokter dien.