Provinsje en wetterskip stride oer rioelbuizen; wetterskip ferliest

Net de provinsje Fryslân, mar it wetterskip moat de rekken betelje fan it ferlizzen fan rioelbuizen foar it oanlizzen fan de Sintrale As en de ferdûbeling fan de N381. Dat hat de Raad van State woansdei sein.
Rjochter © Shutterstock.com
De kosten foar it ferlizzen binne oprûn nei 800.000 euro. Dat bedrach is neffens it wetterskip sa heech, dat soks net mear falt ûnder it gewoane maatskiplike risiko.
It wetterskip en de provinsje hawwe dêr al fjouwer jier spul oer. Dat is einige by de heechste bestjoersrjochter. Dy seit dat de buizen der al 33 jier leine; it wie dus net ûnlogysk dat dy buizen in kear fernijd of ferlein wurde moasten.
De claim fan it wetterskip is dêrmei ôfwiisd, de 800.000 euro kin net op de provinsje ferhelle wurde.