Hoareka op It Amelân mei oant novimber gruttere terrassen delsette

26 aug 2020 - 13:21

Hoareka op It Amelân mei de terrassen noch wat langer útwreidzje. Fanwege de coronamaatregel om 1,5 meter ôfstân te hâlden mei de hoareka al sûnt it begjin fan de simmer gruttere terrassen delsette. Dat is tydlik, mar de gemeente hat besletten dit noch efkes troch te lûken oant 31 oktober.

In terras yn Hollum op It Amelân - Foto: Shutterstock.com (Nancy Beijersbergen)

Doarpsbelangen, omwenners en ûndernimmers binne ek foar it meastepart foar. Dat die bliken út in lytse evaluaasje troch de gemeente Amelân. De slutingstiid oant 2.00 oere bliuwt wol oant septimber fan krêft. Dêrnei is it wer 1.00 oere.

Boargemaster Leo Pieter Stoel

Trefwurden: 
It Amelân coronafirus terras
(Advertinsje)
(Advertinsje)