Klassisdûmny Fryslân: tal tsjerkegongers noch net werom op âlde nivo

26 aug 2020 - 12:30

Twa moannen nei de weriepening fan de tsjerken, is it oantal tsjerkegongers noch net werom op it âlde nivo. Yn in soad tsjerken bliuwt sa'n 30 oant sels wol 50 persint fan de tsjerkegongers noch thús. Dat is de ynskatting fan de protestantske klassisdûmny Wim Beekman fan Koudum. Hy ferwachtet wol dat der nei 1 septimber wer mear minsken nei tsjerke gean.

Yn Wynjewâld wurdt bûtendoar songen - Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

Op 1 juny waarden de coronaregels foar de tsjerken ferromme. Doe mochten op syn meast 30 minsken nei binnen. Op 1 july waard dat fierder ferromme. Wol moat de oardel meter oanhâlden wurde. Der mei wol songen wurde, mar allinnich as foldien wurdt oan strange regels foar fentilaasje en ôfstân.

Kwetsbere tsjerkegongers

Beekman jout wol oan dat it wer tanimt: "Als ik met de natte vinger schat is zo'n twee derde tot driekwart van de kerken weer open. Ik hoor van heel veel kerken dat ze het deze zomer even bij de online vieringen houden en 1 september weer open gaan. Als ik om me heen vraag schat ik dat zo de helft tot twee derde van de kerkgangers inmiddels weer terug is. Je ziet het toenemen, het rolt zich langzaam weer uit."

It bliuwt sa dat der aardich wat âldere en kwetsbere tsjerkegongers binne. "Die doen voorzichtig. Zeker met die verhalen dat het virus weer de kop op steekt, blijven ze thuis. Maar ik denk dat het in Fryslân geen structurele gevolgen heeft. Hier is het al heel lang een vrije keus om naar de kerk te gaan. Dus ik denk dat als mensen het vertrouwd en veilig vinden, ze ook wel weer terugkeren naar de kerk."

Maatregels

Ek de maatregels moatte efkes wenne. "Afgelopen zondig heb ik als kerkganger in Koudum in de kerk gezeten, waar ik woon en lid ben. Er staan pijlen op de grond, er staat handgel. Wij protestanten zijn gewend om uit volle borst te zingen, dat kan even niet. Maar aan de andere kant, als je er vijf minuten zit dan voelt het weer snel heel vertrouwd." Dat Fryslân in soad grutte, âlde tsjerken hat, komt neffens Beekman goed út. "Je ziet wel dat die grote, oude en tochtige kerken nu onze grootste vrienden zijn. Die reuzen zijn goed te ventileren. Bovendien zijn ze zo tochtig dat het überhaupt al flink ventileert."

Klassisdûmny Wim Beekman fan Koudum

(Advertinsje)
(Advertinsje)