Aksjefierders keare nije wenwyk Burgum en hoopje op griene bestimming

It gebiet De Warren by Burgum soe plak biede moatte oan natuerynklusive-kringlooplânbou. Dat fynt in tal ynwenners út Burgum en Suwâld dy't mei in boargerinisjatyf komme. It gebiet fan sa'n 50 bunder is yn it ferline oankocht troch de gemeente Tytsjerksteradiel om der in nije wenwyk te bouwen.
De Warren by Burgum © Omrop Fryslân
Aksjegroep De Warren 'Natuurlijk Groen' wie dêr poer op tsjin. Dy hawwe aksjefierd, praat mei boeren, spandoeken yn it lân set en hantekens sammele. It plan hat it net helle en no hoopje de inisjatyfnimmers dat it in griene bestimming krijt.
Neffens Theo Claassen fan it inisjatyf sjogge de boeren om it gebiet hinne dit plan wol sitten. It grutste part fan it gebiet moat lânbou wurde, ek wol dizze groep minsken dat der sa'n 5 bunder romte komt foar in saneamde doarpsgrientetún. Dêr ferbouwe boargers dan sels grienten.
It plan wurdt yn septimber foarlein oan de ried.
Theo Claassen is ien fan de inisjatyfnimmers