Fertochten bistemishanneling: der wurdt ynset op helpferliening

26 aug 2020 - 12:13

Trije minderjierrigen binne yn byld, dy't fertochte wurde fan belutsenheid by de swiere bistemishanneling op it Nordwin College yn Bûtenpost. Snein binne dêr meardere bisten deaslein en ferskate bisten mishannele. De plysje wol gjin fierdere taljochting dwaan, om't de saak gefoelich leit. Se ha wol in skriftlike reaksje jûn.

Bistemishanneling Butenpost

Nei wiidweidich ûndersyk hat der kontakt west mei 3 jonge dieders. It giet echt om 'jonge dadertjes' sa is te lêzen yn de reaksje. De trije minderjierrigen binne net oanhâlden. De plysje jout oan dat der in soad fragen komme oer de ferfolchstappen yn de saak.

Fan strafrjochtlik ferfolgjen soe op dit stuit gjin sprake wêze. De plysje en belutsen helpferlieningsynstânsjes beslute yn oerlis wat der barre moat yn de rjochting fan dizze jonge fertochten en de belutsen húshâldingen.

Leeftiid net bekend meitsje

De plysje makket neat bekend oer de leeftiden. Wol dúdlik is dat it om jonge bern giet. Under de 18 jier kin neffens de Wet Bescherming Persoonsgegevens dêr gjin direkte taljochting op jûn wurde en dat mei ek net fanút de plysje komme. Dêrneist is harren identiteit by in oantal tsjûgen al dúdlik en om foar te kommen dat it iepen en bleat op strjitte leit, wurde dêr gjin ekstra taljochtingen op jûn. De jeugdigen binne hiel kwetsber, seit de plysje.

De bern sieten yn elk gefal net op it Nordwin College, dêr't de bistemishanneling wie. De plysje hat yn dizze saak in soad kontakt hân mei it Iepenbier Ministearje en ek by it IM sizze se dat der neat bekend wurde sil oer de leeftiden.

Helpferliening

De klam yn dizze saak leit foaral op de helpferliening, yn de breedste sin fan it wurd. De plysje meldt ek dat der in soad oandacht is foar de emoasjes fan bern op it Nordwin.

Under oare geiten, kninen, hinnen, kavia's en dowen binne slim mishannele. Twa bisten binne troch meiwurkers dea oantroffen, nochris fiif bisten moasten troch de bistedokter ôfmakke wurde.

Mishannele geiten yn Bûtenpost - Foto: Omrop Fryslân, Gerrit de Boer

Redakteur Ben de Jager oer de saak

(Advertinsje)
(Advertinsje)