Koarte tiid gjin sneltreinen tusken Ljouwert-Grins troch stoarmskea

26 aug 2020 - 10:41

Der rieden in skoftke gjin sneltreinen tusken Ljouwert en Grins, dat makke ferfierder Arriva woansdeitemoarn bekend. Dat hie te krijen mei stoarmskea. De stoptreinen tusken beide plakken rieden noch wol. Mar om 10.45 hinne waard bekend dat de sneltreinen wer ride. Wol kinne de fertrekperronnen oars wêze.

Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma
Trefwurden: 
Ljouwert Arriva Grins treinen
(Advertinsje)
(Advertinsje)