Dieven yn Westergeast op 'e die oppakt nei stellen bûtenboardmotor

In man en frou binne tiisdeitejûn yn Westergeast op 'e died oanholden foar it stellen fan in bûtenboardmotor. It giet neffens de plysje fan Noardeast-Fryslân om in man fan gemeente Súdwest-Fryslân en en frou fan Ljouwert.
© Plysje
Nei in melding waarden de man en frou yn in auto oantroffen. Dêr lei de stellen bûtenboardmotor ek yn. De man en frou binne ynsletten, de plysje docht fierder ûndersyk.