Brân yn loads oan de Weinterp yn Wynjewâld

Oan de Weinterp yn Wynjewâld wie woansdeitemoarn in middelgrutte brân yn in loads. Yn de loads soene in trekker en ferskate auto's stean, jout brânwacht Fryslân oan. De trekker wie yn 'e brân flein. Yntusken is it fjoer wer út makke. Der wiene twa brânwachten op it plak, dy fan Oerterp en dy fan Jobbegea.
© Timo Jepkema, Omrop Fryslân
De loads is neffens de brânwacht 40 by 20 meter.