Kollum: "Meilulle"

26 aug 2020 - 08:40

"Dat hiene wy noch noait meimakke: gemeenteriedsleden waarden in aksjegroep. Gemeenteriedsleden komme nammentlik noait yn aksje. Dy binne inkeld mar dwaande mei út inoars partijen te stappen, en dêrnei meast in ûnsinnige partij foar harsels op te rjochtsjen. De mienskip, de gewoane minsken dus, litte se de mienskip, dêr hawwe sy gjin tiid foar.

Foto: Omrop Fryslân

De toan fan Eelke Lok

It is dochs djip-djip treurich sa't it yn Eaststellingwerf giet. It kolleezje stuollet dêr no op 8 fan de 21 sitten. Dat kin moarn noch wol minder wêze. Sa kinne je dochs net fatsoenlik bestjoere. Dan ek noch beslute tróch te prutsen, yn stee fan Ton Baas te beneamen as adviseur. Of nee, dat soe ek net goed wêze. Gewoan nije ferkiezingen en lit de mienskip stimme oer dizze dwazen. Dan kinne sy allegear nei hûs. O, kinne nije ferkiezingen formeel net? Dan dogge wy it dochs ynformeel.

Der mei formeel safolle net wat de oerheid no ek al allegear docht. Dêrom komt der no in feiligenscoronaneedwet. Dan kinne Sybrand Buma en Tineke Schokker ek by de rjochter gelyk krije aa se kafee Zeevaert slute. Dat dogge se no op grûn fan dat der yn de mienskip noch altyd krekt wat mear minsken foar de oardel meter binne as foar hieltyd oan inoar omgrieme en der ek noch by sjonge: we gaan nog niet naar huis, nog laaaang niet, ek al wol Rutte dat.

Yn dy wet wurde gemeenteriedsleden net neamd. Grapperhaus wie tink ik fergetten dat dy noch bestiene. No hawwe sy dus mar in aksjegroep oprjochte: wy wolle neamd wurde yn de feiligensneedwet. Se brûke swiere wurden. Otto van der Galiën fan Lijst058 yn Ljouwert seit bygelyks: "Demokrasy betsjut dat de macht by it folk leit. No nimme net-keazen bestjoerders besluten oer ús." Mar Otto, jo hawwe Buma yndertiid sels keazen en jo wiene dêr lokkich mei. No dy demokratysk keazen man is ferantwurdlik en docht gewoan syn wurk.

Otto woe lykwols witte oft it wol nedich wie de Prinsetún op jûntiid ôf te sluten. As goed riedslid wol hy dêr oer diskusjearje. Otto krige as andert, dat syn boargemaster Buma it oerlein hie mei de foarsitter fan de Veiligheidsregio. Krekt, ek Buma. It wie net nedich dat dêr ien yn om heistere, dat wie dus oerlis yn it boppekeammerke fan Buma.

It wie Otto net genôch. Nei alle gedachten is hy ek wol ta de konklúzje kaam dat it net goed foar de wenstige Prinsetúnsliepers is, dat der ek noch coronalju omdwarrelje, mar dat seit neat: Otto wol en sil meihaffelje. Sels de VVD'er Visser skode by him oan. Sa't dus in soad riedsleden yn it lân oanskoden. Grif no't de corona regionaal oanpakt wurdt, wolle sy dat de boargemasters hieltyd ferantwurding ôflizzen bliuwe.

Buma tocht net lang nei en sei doe dat wat Otto wol ûnmooglik is. De Veiligheidsregio komt inkeld yn 't gewear by driuwende situaasjes. Lykas no de corona, allinnich dat duorret wat langer. Mar je moatte wol fan de iene dei op de oare wer nije beslissingen nimme kinne, as sy yn Dokkum ynienen op in fol terras sitten gean. Foarsichtich seit Buma dat hy tinkt dat der net tiid genôch wêze sil om hieltyd mei alle riedsleden fan alle gemeenten te oerlizzen.

Seker as Otto syn pleit foar demokrasy ek ûnderstreekje wol mei it freegjen nei de miening fan de boargers. Want dat soe dan ek moatte, want corona stie net yn syn ferkiezingsprogramma. No dan is in healjier neat.

Buma is noch freonlik. Dan sis ik it dus mar: alle 18 rieden hawwe in geweldige kwak jeuzelkonten. Seker oer cororna, 39 riedsleden hawwe dêr 39 mieningen oer. Ta in beslissing komme se noait. By in wynmûne of sinnepark kin dat miskien, of sa't Ljouwert omprutst hat mei de festivals, of mei Fryske plaknammen yn Waadhoeke, mar by corona net.

Grapperhaus hat dus gelyk, it ouwehoeren fan gemeenteriedsleden duorret altyd sa lang, dan is de corona miskien al wer oer, foar't de ried fan Ljouwert in beslissing nommen hat oer de Prinsetún. En Eaststellingwerf? Dêr witte de riedsleden noch net iens dat der corona is."

Trefwurden: 
De Toan fan Eelke Lok
(advertinsje)
(advertinsje)