Simmerstoarm Francis: hast gjin skeameldingen, mar hâld KNMI yn de gaten

Oant no ta mei Fryslân ôfklopje, want it liket noch ta te fallen mei de simmerstoarm Francis. "We hebben vannacht geen meldingen gehad van stormschade, het is nog rustig. Je weet niet wat er nog komen gaat, maar de brandweer is nog niet gealarmeerd," seit Ingrid Weert fan Veiligheidsregio Fryslân. Wol jout it KNMI tusken 4.00 en 19.00 oere koade giel ôf foar Fryslân (Waadgebiet noch oant 20.00 oere), fanwegen swiere wynstjitten dy't oan de kust oprinne oant 100 km/oere.
Simmerstoarm
Dochs is it wichtich om de webside fan it Koninklijk Nederlands Meteorologisch Instituut (KNMI) yn de gaten te hâlden, seit Weert. "Zij hebben de beste kijk op de weersverwachting. Het is niet over en de storm kan zelfs nog toenemen. Ga dus niet de weg op als het niet hoeft. Haal losse objecten om je huis heen even naar binnen voor je naar je werk gaat. En laat ramen en deuren dicht. Maar hoe de wind zich ontwikkelt: blijf het KNMI in de gaten houden."

Wa moat ik belje by stoarmskea?

Wannear kinne je no belje as der wat is? En wa moatte je belje: 112 of de gemeente? Weert fan de Veiligheidsregio: "Als er echt sprake is van bijvoorbeeld instortingsgevaar, losgeraakte gevelplaten of een boom op de weg, dan kun je 112 bellen. Als er een boom in je eigen tuin is omgevallen, is het niet heel dreigend en kun je het later zelf opruimen als de wind is gaan liggen. Als een boom in een berm is gevallen, niet op de openbare weg, dan kun je de gemeente bellen. De gemeenten gaan straks weer open, dan zitten er mensen achter de telefoon."
Inkeld by akút gefaar hoecht 112 belle te wurden dus. "Als er gevaar is vanwege instortingsgevaar of een boom op de weg, waardoor het verkeer gehinderd wordt, dan kun je 112 bellen. Alle ploegen zijn altijd paraat, dat geldt eigenlijk altijd. We moeten eerst maar even afwachten hoe de storm zich ontwikkelt," jout Weert oan.
Ingrid Weert fan Veiligheidsregio Fryslân

It waarberjocht fan Piet Paulusma

"Min waar, sa kin je it wol stelle," seit waarman Piet Paulusma. "Wy binne der noch net fan ôf, der moatte ek noch mear buiten komme. Op dit stuit binne der wynstjitten yn krêft 10 en 11 yn it Waadgebiet. Op it fêstelân mear de provinsje yn krêft 7 en rjochting de kust krêft 8 of 9. Yn Harns in soad buien en dêr waait it flink. Yn Akkrum in waartype mei ek in soad wetter, sûnt tiisdeitemoarn 15 milimeter en no 15 graden."
Piet Paulusma: "It wurdt woansdei in dei mei in buiïch karakter. Ik moat sizze dat de buien straks efkes ôfnimme, mar ek werom komme. It kinne noch hieltyd buien wêze mei wynstjitten en tonger, dus nim it mar stoarmbuien. De kâns op tonger is it grutst yn it Iselmar- en Waadgebiet. De temperatueren 19 of 20 graden. Kust- en Waadgebiet in krêft 7-8 hurd oant stoarmich, op syn heechst wynkrêft 10 of 11. Yn it Iselmargebiet krêft 6 of 7, wynstjitten yn krêft 9 of 10. Boppe de marren en yn it oare part fan de provinsje in krêftige oant hurde wyn mei wynstjitten yn krêft 8."
Pas letter op de dei wurdt it wat rêstiger. "Letter yn de moarn en middei nimt de wyn efkes wat ôf. Mar letter yn de middei nimt it wer ta, om't it mear út it westen-noardwesten wei komt. Pas yn de jûn en nacht nimt de wyn echt ôf en de kâns op buien ek."
It waarberjocht fan Piet Paulusma
© Omrop Fryslân