Alle Fryske gemeenten lilk op provinsje: "Dit is onverstandig en onplezierig"

25 aug 2020 - 21:43

De Fryske gemeenten binne net bliid mei it beslút fan de provinsje om foarearst gjin sinneparken mear ta te stean. Yn in brief ferwite de achttjin gemeenten de provinsje dat se hiel let ynformearre binne oer dit beslút.

Foto: Omrop Fryslân

Wethâlder Bert Wassink neamt de sitewaasje 'onplezierig'

De gemeenten sizze yn de brief dat de wize wêrop't dit beslút naam is de 'schoonheidsprijs' net fertsjinnet, en dat der op gjin inkelde wize kommunisearre is hjiroer.

Neist dizze brief fan de Feriening fan Fryske Gemeenten hat de gemeente Ljouwert hjir ek sels in brief oer skreaun. Wethâlder Bert Wassink seit dat it nedich is, omdat er net bliid is mei de plannen.

"We zijn bezig invulling te geven aan het klimaatakkoord. Wij worden geacht om met de provincie en het waterschap de komende jaren een ambitie te formuleren over hoe we duurzame energie willen produceren. Van de wind, van de zon, en wellicht ook uit andere bronnen. Dan is het onverstandig om nu piketpaaltjes te slaan, zo van 'dit en dat willen we niet'."

Yn de gemeente Ljouwert rinne meardere oanfragen foar grutskalige sinneparken, seit Wassink. "Die zouden door dit besluit in de kiem gesmoord worden. Dat vinden we onplezierig."

Trefwurden: 
gemeenten sinneparken
(Advertinsje)
(Advertinsje)