FIDEO: Helptsjinsten rêde man fan auto yn feart by Driezum

25 aug 2020 - 21:29

In automobilist is tiisdei mei auto en al yn de Trekfeart by Driezum bedarre. Doe't de brânwacht oankaam op it plak fan it ûngelok, siet de man op it dak fan de auto. Dêr ha de helpferlieners him ôf helle.

Helptsjinsten rêde man fan auto yn de feart

It is net dúdlik hoe't de man yn it wetter reitsje koe. Bergers ha mei de kraanwein fan in ynstallaasjebedriuw út Driezum de auto wer út it wetter helle.

Trefwurden: 
Driezum feart
(Advertinsje)
(Advertinsje)