Miljoenetekoart stimt Ljouwert net ûntefreden: hûnebelesting giet omheech

25 aug 2020 - 21:06

De gemeente Ljouwert komt alle jierren sa'n twa miljoen euro tekoart, mar is net ûntefreden oer de eigen finansjele sitewaasje. Mei besunigingen en ombûgingen kin de gemeente foar de kommende twa jier de begrutting rûn krije, en in protte ambysjes dochs noch wier meitsje.

It gemeentehûs fan Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

Wethâlder Hein Kuiken is net ûntefreden

It gemeentebestjoer hat in saneamde "midterm review" útfiere litten. Mei sa'n review wurdt der besjoen wat der fan it kolleezjeprogramma útfierd is, en wat der de kommende twa jier noch dien wurde moat. Der wurdt ek nei de finansjele kant fan it programma sjoen.

Neist de besunigingen wurdt der ek in tsjokke alve miljoen euro út de reserves brûkt om alle ambysjes wier te meitsjen. Sa kriget popseal Neushoorn der struktureel twa ton yn it jier by, LF2028 krijt in heale ton ekstra, en der wurdt ek in protte jild útlutsen foar ekonomysk belied. Dêr stiet tsjinoer dat de hûnebelesting, de toeristebelesting en de bou-leezjes omheech geane. It lêste wurd is lykwols oan de ried, want dy moat hjir noch oer gear.

(Advertinsje)
(Advertinsje)