Opsterlân wol boargemaster net kwyt

25 aug 2020 - 20:38

De gemeenteried fan Opsterlân hat besletten om Ellen van Selm oan te rekommandearjen foar in nije termyn as boargemaster. Har termyn rint ôf yn desimber fan dit jier. Se kin opnij beneamd wurde.

boargemaster van Selm fan Opsterlân - Foto: Omrop Fryslân

Der is in protte wurdearring foar Van Selm. Neffens de ried leit se belangrike ferbiningen binnen en bûten de gemeente, en is se in ambassadeur fan Opsterlân. Se stiet tusken de minsken, en is goed te benaderjen.

De oanbefelling wurdt nei de minister fan Ynlânske Saken stjoerd. Dy sil dan in foardracht ta werbeneaming dwaan by de Kening.

De gemeente ferwachtet dat Van Selm yn de riedsgearkomste fan 24 novimber feestlik ynstallearre wurde kin foar in nije perioade as boargemaster fan Opsterlân.

(Advertinsje)
(Advertinsje)