Plysje: Trije minderjierrigen fertocht fan mishanneling bisten op skoalle Bûtenpost

25 aug 2020 - 21:50

De plysje hat yn alle gefallen trije persoanen yn byld dy't fertocht wurde fan belutsenheid by bistemishanneling op it Nordwin Kolleezje yn Bûtenpost. It giet om minderjierrigen. Dat meldt de plysje.

Mishannele geiten yn Bûtenpost - Foto: Omrop Fryslân, Gerrit de Boer

By it Nordwin College yn Bûtenpost binne snein meardere bisten deaslein en ferskate bisten mishannele. Der is ynbrutsen troch de bûtenyngong fan it bisteferbliuw. Dêr binne alle bisten loslitten út de hokken wei. Under oare geiten, kninen, hinnen, kavia's en dowen binne slim mishannele. Twa bisten binne troch meiwurkers dea oantroffen, nochris fiif bisten moasten troch de bistedokter ôfmakke wurde.

De trije minderjierrigen binne heard troch de plysje. Dy hie earder in tsjûge-oprop dien. "We bedanken iedereen voor het doorgeven van informatie. We merken dat deze zaak veel mensen raakt", meldt de plysje.

Der binne kamerabylden makke, op de dei fan it ynsidint. It is net dúdlik wat dêr presys op stiet.

Lenie Lap fan de skoalle fertelde wat se oantrof:

Dieremishanneling Nordwin

"Doe't myn kollega de doar iepene, seach sy in grutte gaos en binde. Strie, stront, foer, learzens, overalls. Alles lei oer de flier en bisten wiene út de hokken wei. Dy wiene iepen, oan de binnen- en bûtenkant", seit Lenie Lap fan it Nordwin Kolleezje.

Mishanneling

Doe die bliken dat der bisten dea en mishannele wiene. "In kavia dêr't de rêch fan brutsen is, in hin mei in stikkene kaam, dowen en hinnen dy't plukt binne, in hin dêr't de poat út lutsen is. Der binne sân bisten dea. Wy hawwe in geit fûn mei in tou om de nekke, dy is behoarlik stressd. De feedokter hat medisinen jûn. Wy kinne der net by, wy binne yn shock en it is tige drôvich. Dit kin net."

(Advertinsje)
(Advertinsje)