GGD kin drokte mar kwealik oan: driuwend ferlet fan nije meiwurkers

It is tige drok op de corona-testlokaasjes yn Fryslân. De GGD kin it kwealik oan en is op syk nei minsken dy't helpe kinne by it ôfnimmen fan de testen.
GGD kin coronadrokte by testlokaasjes mar kwalik oan
Yn Fryslân binne trije lokaasjes dêrt't testen dien wurde. Yn Snits, Drachten en yn Ljouwert yn de wyk Bilgaard.
Ien fan de minsken dy't him yn Ljouwert teste lit, is Robbie de Vries. Hy is ferkâlden en fertrout it net. "Ik wil niemand besmetten. Het is echt een hele nare ziekte."

Gjin nije sikehûsopnamen

Der binne yn Fryslân sûnt freed 22 nije gefallen fan besmetting mei it coronafirus oan it ljocht kaam. Dat meldt de GGD. Der wiene de ôfrûne dagen gjin nije sikehûsopnamen en gjin nije stjergefallen.
Lanlik sjoen wiene der de ôfrûne wike 32 stjergefallen. Dat is it dûbele fan de wike dêrfoar. 84 minsken waarden opnaam yn it sikehûs, dat binne der 34 mear as ferline wike.

Hieltyd mear teste

It oantal testen dat dien wurdt, nimt noch hieltyd ta. Yn Fryslân binne it der no hast 900 deis, en it sjocht der nei út dat dat oantal allinne noch mar grutter wurdt. Der komme ek minsken dy't gjin klachten ha, en dat is net bedoeling, seit Jaap Erik Pijlman fan de GGD. Minsken fan oare ôfdielingen moatte no al byspringe om alle testen te dwaan. "Het heeft zijn grenzen".