Man stekt mei seis LSD-pillen op in konifearehage yn de brân: twa jier sel

25 aug 2020 - 17:28

In ynwenners fan De Harkema (21) dy't yn de nacht fan 8 febrewaris yn Drachten in konifearehage yn de brân stuts, hat in selstraf krigen fan twa jier.

Foto: De Vries Media

Neffens de rjochter hie de brân oerslaan kind nei in wenning oan de Noorderhof, dêr't de bewenster fan lei te sliepen. De frou waard wekker makke troch in oplettende buorfrou.

De Harkyt wie mei in pear freonen op 'en paad. "Dit is een mooie heg, die is goed brandbaar", soe er sein ha, foardat er der krûpoalje op spuite, en der in oanstekker by hold.

Omstanners ha it fjoer útmakke. De brânstichter is deselde nacht noch oanholden. Hy hie seis LSD-pillen op. De man hat him ek skuldich makke oan twa auto-ynbraken, en twa ynbraken yn bergingen.

Hoopje op Wâldnet

Neffens in tsjûge hie er sein dat er hope dat er troch de brân op de nijssite Wâldnet.nl komme soe. Sels ûntkende er dat.

De man brûkt al jierren drugs. Hy hat ADHD, en in persoanlikheidsstoarnis. Hy soe eins behannele wurde moatte, mar dêr wol er sels neat fan witte. Hy wegeret ek mei te wurkjen oan tafersjoch fan de reklassearing. Dêrom seach de rjochter gjin oare mooglikheid as in 'keale' finzenisstraf.

(Advertinsje)
(Advertinsje)