Langer TBS foar man dy't eigen flat opblaasde mei 'rubberboat fol gas'

25 aug 2020 - 16:01

De man út Drachten dy't goed fjouwer-en-in-heal jier lyn syn flat oan de Nachtegaalstrjitte opblaasd hat, bliuwt langer ûnder behanneling. De rjochtbank hat syn TBS mei in jier ferlinge.

De ûntploffing soarge foar in grutte ravaazje.

De man hie lêst fan waantinkbylden. Hy hie op de jûn fan de ûntploffing in rubberboat mei gas folle, dêr't er mei nei de himel farre woe.

Troch de eksploazje rûn it appartemintekompleks safolle skea op, dat it hielendal sloopt wurde moast. De fertochte waard net tarekkenber ferklearre en krige TBS. Dy maatregel is no ferlinge.

De Drachtster reagearret goed op syn behanneling en krijt geandewei wat mear frijheden. Oer in jier wurdt besjoen oft de man syn TBS opnij ferlinge wurde moat.

(Advertinsje)
(Advertinsje)