Ejuke foar rekôrbedrach nei Ruslân, klups binne al akkoart

25 aug 2020 - 15:45

Hearrenfeanspiler Chidera Ejuke is mei in klup yn Ruslân yn ûnderhanneling oer in transfer. De Fryske klup hat mei CSKA Moskou in akkoart berikt oer de transfersom fan sa'n 12 miljoen euro.

Foto: www.orange-pictures.nl

Mei dat bedrach komt Ejuke yn de top trije fan de djoerste útgeande tansfers út de kluphistoarje. Allinne Afonso Alves en Miralem Sulejmani wiene djoerder.

Ejuke kaam ferline jier oer fan it Noarske Valerenga. SC Hearrenfean betelle doe 2 miljoen euro foar de Nigeriaanske fleugeloanfaller. It ôfrûne seizoen wie Ejuke goed foar 9 doelpunten en fjouwer assists.

Fersterking

Oer twa wiken begjint it nije seizoen en de tarieding fan Hearrenfean is oant no ta striemin. Alle oefenwedstriden gienen ferlern. Hearrenfean spile ûnder oare tsjin NAC Breda en De Graafschap.

Trainer Johnny Jansen hat al frege om fersterking. Mar de miljoenen dy't de klup no binnenhellet, kinne net allegearre bestege wurde oan nije spilers. In grut part fan it jild is nedich om it operasjonele ferlies fan de klup te kompensearjen. Dat giet alle jierren om mear as seis miljoen euro.

It jild dat oerbliuwt mei ynfestearre wurde yn de seleksje. Technysk manager Gerry Hamstra hat oanjûn dat der noch seis spilers by moatte: in twadde keeper, in sintrale ferdigener, twa middenfjlders, in spits en eventueel noch in ferfanger foar Ejuke.

De seleksje is no fiif dagen op trainingskamp. Op de lêste dei is der in oefenwedstriid tsjin VfL Osnabrück. Dy ploech spilet yn de Twadde Bundesliga.

(Advertinsje)
(Advertinsje)