Noed oer nijbou by Mantgum: FNP wol plannen werom nei skriuwtafel

25 aug 2020 - 14:35

De fraksje fan de FNP yn Ljouwert wol dat de plannen foar de nijbou fan 12 wenten by Mantgum stillein wurde. Tsientallen bewenners binne lilk oer de gong fan saken en hawwe de fraksje brieven stjoerd. Der is noed oer de lokaasje, dy't it karakter fan Mantgum as terpdoarp skeine soe. Ek is der gjin rekken holden mei de doarpsfyzje en hat der nea in wen-enkête west, seit de FNP-fraksje.

It doarp Mantgum - Foto: Shutterstock.com (Aerovista Luchtfotografie)

Om't it útgongspunt wêze moat dat der genôch draachflak is fan it doarp út, moat it projekt werom nei de skriuwtafel, sa fynt de FNP-fraksje. As it nedich is dan sil de fraksje in moasje yntsjinje.

Trefwurden: 
Ljouwert FNP Mantgum nijbou
(Advertinsje)
(Advertinsje)