Trije manlju feroardiele foar mishanneling yn feesttinte Froubuorren

25 aug 2020 - 14:10

De rjochtbank fan Noard-Nederlân hat tiisdei trije manlju feroardiele ta in jier finzenisstraf, wêrfan seis moannen ûnder betingsten, foar it besykjen fan deaslach of it meipleegjen dêroan. Dat barde yn 2018 yn in feesttinte yn Froubuorren. By de mishanneling op 28 maaie 2018 rekken twa jonges, in twilling, swier ferwûne.

Rechtbank Noord-Nederland (RNN) yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

De trije manlju wiene yn de feesttinte yn 2018. Ien fan harren seach in jonge rinnen dêr't er fan tocht dat er syn broer mishannele hie. De man is nei him ta rûn, waard lulk en hat op de man ynslein. De man is dêrnei op de bar klommen en trape mei syn folle gewicht op it gesicht fan it slachtoffer. Dêr gie er mei troch oant er fan it slachtoffer ôf lutsen waard. Dizze man is feroardiele foar it besykjen ta deaslach.

Twa oare manlju mei twillingbroer slaande

De oare manlju binne foar dat feit frijsprutsen. Doe't de twillingbroer fan it slachtoffer besocht te helpen, hawwe dizze twa oare fertochten (ek twa bruorren) him oanfallen. Ek dizze twillingbroer is slein en syn holle is tsjin de bar oan slein. Befeiligers moasten de manlju fan it slachtoffer ôf helje. Dizze twa manlju binne feroardiele foar it meipleegjen oan it besykjen fan deaslach.

De mishanneling hat grutte gefolgen hân foar de slachtoffers en harren omjouwing. It omtinken dat der yn de lanlike media west hat, hat gjin fersêftsjende wurking hân op de straf.

(advertinsje)
(advertinsje)