Feilichheidsregio ropt op: bliuw thús, wynstjitten kinne echt problemen jaan

De Fryske feilichheidsregio warskôget minsken dat se jûn en fannacht it bêste thús bliuwe kinne. Der komt in stoarm oan, mei gefaarlike wynpûsters.
© Kappers Media
Waarman Piet Paulusma oer de stoarm
It KNMI hat koade giel ôfjûn. Waarman Piet Paulusma warskôget foar stoarmbuien mei kâns op tonger en wynstjitten yn krêft 8 of 9. Yn it Waadgebiet kinne wynstjitten foarkomme oant krêft 11.
"It kin behoarlik spûkje", seit Paulusma. "De measte wyn krije we fan trije oere fannacht ôf, oant moarnier acht, njoggen oere, en dan bout dat op, oant krêft njoggen. It wurdt in stoarm mei flinke wynstjitten."
De beammen steane noch yn it blêd, en dat kin foar problemen soargje. De feilichheidsregio warskôget: "Bliuw thús!"
"It is gjin waar om in eintsje te fytsen", seit Sytske Balt fan de feilichheidsregio. Se advisearret minsken ek om los guod dat yn de tún stiet fêst te setten, of fuort te heljen. Trampolines, túnstuollen en blompotten en sa. En ruten en doarren moatte goed ticht, sadat se net stikken klepperje.
Simmerstoarm
It KNMI hat fan woansdeitemoarn 04.00 oere oant 10.00 oere koade giel ôfjûn. Foar Fryslân jildt de warskôging dat der swiere wynstjitten oant 75 km/oere foarkomme.

Warskôging Meldkeamer

De 112-meldkeamer fan Noard-Nederlân warskôget foar gefaarlike situaasjes en oerlêst. Minsken soene it waarberjocht goed yn de gaten hâlde moatte. Fierder moatte minsken ek net de dyk op gean as it net nedich is. Dogge minsken dat wol: hâld dan twa hannen oan it stjoer.

Offearten Doeksen skrast

Rederij Doeksen hat bekendmakke dat der ferskate ôffearten fan de sneltsjinst ferfalle op tiisdei en woansdei. It giet op tiisdei om Harns-Flylân (17.30 oere), Skylge-Flylân (18.40 oere), Flylân-Harns (19.30 oere). En op woansdei om Harns-Flylân (8.00 en 17.30 oere), Skylge-Flylân (9.10 en 18.40 oere), Flylân-Skylge (10.05 oere) en Flylân-Harns (19.30 oere). De rederij boekt de reizen om.

Camping Stortemelk

Camping Stortemelk op Flylân slacht ek alarm oer de simmerstoarm. De camping freget gasten harren tinten, skearlinen en hjerringen goed te kontrolearjen en izeren hjerringen troch houten te ferfangen. Ek wurdt frege om luifels fuort te heljen.