Simmerblog: Simmer yn Aldeboarn

25 aug 2020 - 18:00

Omrop Fryslân is tiisdei de hiele dei yn Aldeboarn. Yn dit simmerblog in oersjoch fan alle ferhalen.

18:00
Simmer yn Aldeboarn
17:55
Oant safier

Wy binne oan de ein kaam fan dit simmerblog, tank foar it folgjen.

Woansdei binne wy yn Ychtenbrêge, Dolsterhuzen en Ychten. oant dan.

17:45
Jorrit en Heather Bergsma krije in famke
Foto: Omrop Fryslân, Maaike van der Hoek

De feneamdste bewenners fan Aldeboarn binne nei alle gedachten wol it reedridersstel Jorrit Bergsma en syn frou Heather. Jorrit wennet syn hiele libben al yn Aldeboarn. Hy is dêr hikke en tein. Hy is berne yn 1986 yn in wenark. Syn heit en mem wenje dêr no noch. Jorrit en Heather wenje yn in hûs 50 meter fan de ark fan syn heit en mem ôf.

Heather is oerkaam út North Carolina yn de Feriene Steaten fan Amearika en wennet no mei man Jorrit en soantsje Brent yn it doarp. Se is wer yn ferwachting. Op 6 septimber is se útrekkene. It wurdt in famke, fertelt se. Heather fynt it wol lestich dat se fanwege de corona net by har âlden yn Amearika wêze kin. Gelokkich is der Facetime. Wêr't se bot oan wennet moast doe't se yn Aldeboarn kaam te wenjen? Dat de klok yn de toer sa lûd slacht.

Jorrit en Heather Bergsma

16:20
Mienskiplik coronaterras

Twa kafees yn Aldeboarn hawwe fan 't simmer de lapen gearsmiten mei in mienskiplik terras, dat foar in part mei in tinte oerkape is. It terras hat de namme De Kroon krigen, nei corona. Nei de simmer giet it terras wer ticht en lûke de kastleins fan Moeke de Bruine en De Post harren werom yn de eigen kafees. Mar earst it der noch in ûntkroaningsfeest...

Foto: Omrop Fryslân, Maaike van der Hoek

Ferslachjouwer Maaike van der Hoek praat mei de beide kastleins

15:10
Gesellige ploech jonge minsken
Foto: Omrop Fryslân, Maaike van der Hoek

Hoe is it om as jongerein yn Aldeboarn te wenjen? Ferslachjouwer Maaike van der Hoek freget it oan Johannes van der Wal en Hotse Dekker. Se binne warber by fuotbalferiening VV Oldeboorn. Johannes sit yn de aktiviteitekommisje en Hotse is jeugdtrainer en sit yn it jeugdbestjoer.

Der is net echt in jongereinorganisaasje yn it doarp, mar der is wol in aardich hechte freonegroep. Yn juny hiene se noch in Oktoberfest. "En ast nei de stêd ta wolst, stapst yn de auto en bist der samar. Aldeboarn leit sintraal" , sizze de jongemanlju.

De húsfesting is wol in probleem yn it doarp. Der is dreech wat te krijen. Dat komt ek trochdat hieltyd mear minsken alllinnich yn in hûs wenje dêr't foarhinne meardere minsken yn wennen.

Johannes van der Wal en Hotse Dekker

14:20
"It hynder koe ús mem sa yn de kont bite, sa krap wie it"
Foto: Omrop Fryslân, Maaike van der Hoek

Gerrit en Yntse Waringa binne jonges fan de smid fan Aldeboarn. Gerrit wennet no op it plak dêr de âlde smidterij fan harren heit earder wie. It hûs wurdt neamd yn 1689, salang bestiet it al, seit Gerrit.

It wie eartiids in krappe bedoening yn it húske dêr't de smidterij ek noch by yn siet. Yn dêryn siet ek noch in fjoerplak fan 2 by 2 meter. "Heit makke sels de hoefizer foar de hynders. Wy wennen yn de achterkeamer en it hynder stie dan yn de gong mei de kop nei de keamer ta. Hy koe ús mem by it itensieden sa yn de kont bite."

Foto: Omrop Fryslân, Maaike van der Hoek

It wie altyd gesellich drok yn de smidterij. De kapper, de grienteboer en de swartferver kamen wol gauris del foar in praatsje. En ek de ferneamde Fryske skriuwer Paulus Akkerman. "As ús heit dan letter in ferhaal fan Akkerman lies, sei er: Dat hat er hjir heard."

Gerrit en Yntse Waringa

13:40
Gondelfeart bestiet 75 jier
Halbe van der Wal fan de Gondelfeart Aldeboarn - Foto: Omrop Fryslân, Maaike van der Hoek

It 75-jierrich bestean wurdt fierd mei in keunstwurk en in jubileumboek. It keunstwurk bliuwt noch efkes geheim oant takom freed as it ûntbleate wurdt.

Dat no krekt yn it jubileumjier sa'n besmetlike sykte as corona útbrekke moat, muoit de organisaaasje tige. Mar takom jier giet it hooplik wol troch en dan kinne se it jubileum grut fiere. seit nije foarsitter Halbe van der Wal.

Halbe van der Wal

12:40
Autobrêge yn it doarp: slute of net?

Der binne trije brêgen yn it sintrum fan Aldeboarn. De bûtenste twa binne foar fytsers en fuotgongers en de middelste is no noch foar auto's. Der leit al langer in plan om dy brêge foar auto's ôf te sluten foar auto's.

Foardiel is dat swier ferkear dan net mear in rûte te riden hoecht dêr't dêr net op berekkene is. It wurdt der feiliger op en de sintrumfunksje soe mear útwreide wurde kinne. Neidiel is dat minsken dan omride moatte. En wurdt it net te stil yn it hert fan it doarp?

Foto: Omrop Fryslân, Maaike van der Hoek

Jacqueline Brauwers, Doarpsbelang Aldeboarn

10:40
Hoe hâlde jo it doarp libben?
Foto: Omrop Fyslân, Maaike van der Hoek

Aldeboarn is in libben doarp en dat moat sa bliuwe. Dêr is in wurkgroep mei dwaande. Probleem is dat yn it doarp suver gjin betelbere hier- en keapwenten te krijen binne, seit Ids Hemminga fan de wurkgroep. As dêr neat oan dien wurdt, ferhúzje jonge húshâldings út it doarp wei en dan hawwe de skoallen skylk minder learlingen.

Der binne ek gjin boukavels en dêrom besiket de wurkgroep besteande gebouwen in wenfunksje te jaan. Sa soene de twa skoallen yn de takomst ûnder ien dak komme moatte yn in nij multyfunksjoneel sintrum. Yn de gebouwen dêr't de skoallen no yn sitte, komt dan romte frij om te wenjen.

Ids Hemminga

10:10
Moeke de Bruin
Foto: Omrop Fryslân, Jantine Weidenaar

Jan Nijboer is no hast tweintich jier kroechbaas fan Moeke de Bruin. Hy wie earst kastlein yn Drachten, mar hie der dêr net folle nocht mear oan. "Ik sei tsjin myn frou: 'Of ik gean wer nei see ta of ik hâld der hjir dit jier mei op'. En doe seach myn frou dat dit kafee te keap stie."

It is smûk yn syn kafee yn Aldeboarn oan it wetter. De souder hinget fol mei allegearre guod, ûnder oare in biljerttafel en in gemeentenammeboerd fan Utingeradiel. "Minsken freegje faak oft der net in soad yn it wetter falle hjirre. De iennige dy't yn it wetter fallen is, bin iksels."

Jan Nijboer

9:50
Karnemelkegortepap? Nee, sûpenbrij!
Foto: Omrop Fryslân, Jantine Weidenaar

Yn Aldeboarn stiene foarhinne trije molkfabrykjes. Dêr is allinnich ien direkteurswente fan oer. Ien fan dy molkfabrykjes hat yndirekt te krijen mei Kneppelfreed. Op de molkbussen moatst skreaun wurde wat deryn siet. Karnemelksegortepap paste der net op en doe woe de boer sûpe skriuwe, fertelt Lykele van der Ven dy't fol sit mei moaie ferhalen oer it doarp. Fedde Schurer skreau oer it rjocht fan Friezen om harren eigen taal te brûken en dêr is úteinlik Kneppelfreed út fuortkaam.

Lykele van der Ven

9:40
Tuorkemjitters
Foto: Omrop Fryslân, Jantine Weidenaar

Aldeboarn hat syn namme te tankjen oan it rivierke de Boarn. Ferslachjouwer Jantine Weidenaar treft doapskenner Jan de Kam dêr by it wetter. "Der wurdt ek wol sein dat Bonifatius hjir ek west hat", seit De Kam. Hy fertelt fierders hoe't de Aldeboarnsters oan de bynamme 'tuorkemjitters' kaam binne.

Jan de Kam

9:30
Goeiemoarn
Foto: Omrop Fryslân, Jantine Weidenaar

Wolkom yn dit simmerblog. Simmer yn Fryslân is tiisdei yn Aldeboarn. Ferslachjouwers Jantine Weidenaar en Maaike van der Hoek dogge de hiele dei ferslach.

Moandei wie Simmer yn Fryslân yn Aldebiltsyl. Dat kinst hjir neilêze.

(Advertinsje)
(Advertinsje)