Kollum: "It boadskip fan de beam"

"In doarp nimt ôfskied fan in beam. Yn de stoartfloed fan deprimearjend nijs en de tinne stront fan sosjale media wie dêr ynienen in opmoedigjend berjocht. In doarp nimt ôfskied fan in beam. It gie om in âlde kastanje yn it hert fan Aldegea (Sm). De beam wie siik, de tûken brekber, it blêdte wurch. Omskreaun as in 'markante reus' wachte him inkeld noch de seage, om't er stadichoan in gefaar foar de omjouwing foarme.
© Omrop Fryslân, Joris Kalma
De toan fan Willem Schoorstra
Libben komt mei ferlies, dat witte ek de Aldegeasters. Dochs woene sy it fuortheljen fan de kastanje net samar foarby gean litte. Foar't er omseage waard hiene sy in ôfskiedsseremoanje organisearre. As gie it om in âlde freon. Sterker noch: dat wie er ek foar generaasjes Aldegeasters. Hy spile in rol yn harren libben.
Dy aksje makke dúdlik dat de oerâlde bân tusken beam en minske der noch altyd is. Sawat alle kultueren kenne ommers it byld fan in wrâldbeam, en sawat alle kultueren seagen guon beammen as hillich. Fan de Kelten en de Germanen oant de Maya's en de folken út Azië. Net om 'e nocht, want beammen binne net allinne wichtich foar it libben op ierde, se binne it libben sels.
Fûgels bouwe harren nêst dêryn, moassen, skimmels en algen libje op de stam, de tûken en somtiden op it blêd. Ynsekten libje fan de blêden of fan it hout. Slûpbijen libje wer fan dy ynsekten. Beammen binne ek in wichtige boarne fan iten foar ûnder oaren iikhoarntsjes en fûgels.
Dat is de biologyske kant. Der is lykwols ek in symboalyske, spirituele kant. Om't de beam yn de ierde woartelet en syn tûken nei de himel wize heart er, krekt as de minske, ta de wrâlden fan ûnder en boppen. Hy ferbynt dy beide op deselde wize. Sa't minske en beam ûnderinoar ek ferbûn binne. Ik sis it fuortendaliks: ik bin gjin oankrûper fan beammen. Ik praat der ek net mei. Dochs kinne sy ús, de minske, saken leare. Sa as geduld hawwe. Sûnder betingst oanwêzich wêze. Om te sykheljen sa't sy dat dogge, stadich en mei omtinken. Om stil te wêzen, waar te nimmen en net te oardieljen.
As in beam omseage wurdt stiet syn hiele skiednis etst yn de stobbe. Yn de jierringen en de groeden. De drege jierren en de goede jierren, de stoarmen dy't er ûndergien hat en de wynstille tiden. Minske en beam belykje inoar, en wy kinne fan harrren leare hoe't wy ússels wurde moat. Dat is it boadskip fan de beam. Hoe moai wie dat foarige wike, doe't de Aldegeasters ôfskied namen fan harren kastanje, dy noch in lêste bytsje wetter joegen en seine: 'Rêst yn frede, âlde freon.'"