De helte minder gasten yn toeristyske akkommodaasjes yn Fryslân

Troch de coronakrisis kamen der yn it twadde fearnsjier fan 2020 sa'n 53 persint minder gasten nei toeristyske akkommodaasjes lykas hotels, kampearterreinen en fakânsjehúskes. Dat docht bliken út sifers fan it Centraal Bureau voor de Statistiek (CBS) dy't tiisdei ferskine.
In fakânsjehûs-boat op de Snitser Mar © Shutterstock.com (Rudmer Zwerver)
Yn hiel Nederlân binne de oantallen toeristen dy't hjir ferbliuwe lytser as yn itselde fearnsjier ferline jier. Fryslân komt der dan noch as bêste foar wei. Yn Noard-Hollân is it ôfnimmen it grutst. Dêr kamen dit jier hast 75 persint minder toeristen as ôfrûne jier yn deselde perioade.
© CBS
It binne benammen bûtenlânske toeristen dy't net mear nei Nederlân ta komme. Troch de reisbeheiningen naam it tal toeristen út it bûtenlân wei ôf mei 87 persint. It tal Nederlânske toeristen is ôfnommen mei 60 persint.
Petra Ellens, regiomanager Noard-Nederlân fan de Rekron (belange-organisaasje fan ûndernimmers yn de toeristyske sektor)