Bisten deaslein en mishannele by ynbraak yn Nordwin College Bûtenpost

25 aug 2020 - 08:40

By it Nordwin College yn Bûtenpost binne snein meardere bisten deaslein en ferskate bisten mishannele. Der is ynbrutsen troch de bûtenyngong fan it bisteferbliuw. Dêr binne alle bisten loslitten út de hokken wei. Under oare geiten, kninen, hinnen, kavia's en dowen binne slim mishannele. Twa bisten binne troch meiwurkers dea oantroffen, nochris fiif bisten moasten troch de bistedokter ôfmakke wurde.

Dieremishanneling Nordwin

De plysje is noch op syk nei de dieders. De plysje freget minsken om kontakt op te nimmen as sy wat sjoen hawwe. Moandeitemiddei binne der yn de omkriten fan de skoalle noch in pear hinnen en dowen werom fûn. Lenie Lap had as lid LMT (lokaasjemanagementteam) fan Nordwin College oanjûn tige skrokken te wêzen.

Gaos

Lap fertelt hoe't de dieders binnen kamen: "Sy binne fan bûten nei it bistehok ta gien, dan moatte sy earst troch in stik greide, dêrnei in binnenplak fan de geiten en dan troch in iepening. Dan binne se der yn. Wy binne ôfsletten, dus sy binne ek oer it stek hinne gien. Doe't myn kollega juster de doar iepene, seach sy in grutte gaos en binde. Strie, stront, foer, learzen, overalls. Alles lei oer de flier en bisten wiene út de hokken wei. Dy wiene iepen, oan de binnen- en bûtenkant."

Mishanneling

Doe die bliken dat der bisten dea en mishannele wiene. "In kavia dêr't de rêch fan brutsen is, in hin mei in stikkene kaam, dowen en hinnen dy't plukt binne, in hin dêr't de poat út lutsen is. Der binne sân bisten dea op dit stuit. Wy hawwe in geit fûn mei in tou om de nekke, dy is behoarlik strest. De feedokter hat medisinen jûn. Wy kinne der net by, wy binne yn shock en it is tige drôvich. Dit kin net. Wy wiene der juster allegearre ôf. Dit rekket ús."

Undersyk plysje

By de skoalle hawwe se gjin idee wa't it dien hat. "De plysje docht ûndersyk en besiket de dieders te pakken. Der binne kamerabylden makke, dy wurde analysearre." Ek sil de befeiliging oanskerpe wurde. "Wy sille de kamera's op in oar plak hingje, der komme nije slotten en der komme bewegingsmelders by."

Ferslachjouwer Gerrit de Boer praat mei Lenie Lap fan Nordwin College

Foto: Omrop Fryslân
(Advertinsje)
(Advertinsje)