Evenemintebrânsj fiert aksje yn Den Haag foar mear stipe

25 aug 2020 - 07:14

It is koade read foar de evenemintebrânsj. Troch de coronaregels lizze dizze bedriuwen al sûnt maart hielendal stil. As dit noch langer duorret, dan steane mear as 50.000 banen faai. De bedriuwen fiere dêrom tiisdei aksje yn Den Haag. Ien fan de bedriuwen is Wijbenga Stand- en Tentoanstellingsbou fan De Falom.

In spandoek by Wijbenga - Foto: Wijbenga Standbouw

Yke Wijbenga is fan it bedriuw út De Falom, sy leit út dat der noch hast gjin wurk is. "De stipe fan de oerheid hâldt ein septimber op, mar in werstel fan ús wurksumheden is der totaal noch net. Wy binne yn prinsipe in sûne bedriuwstak. Us klanten wolle ek graach nei de beurs. Dat mei op himsels ek wol, mar de regels foar de 1,5 meter binne sa strang, dat it net mooglik is om in goeie beurspresintaasje te meitsjen. Dus minsken lûke harren werom en presintaasjes wurde skrast. En dêrtroch hawwe wy noch gjin wurk."

Reorganisaasje of fallisemint

As der gjin nije stipe komt, moat der op syn minst in reorganisaasje folgje, seit Wijbenga. "Dan sille der banen ferlern gean. Mar yn it slimste gefal betsjut it gewoan in fallisemint. Wy hawwe noch hieltyd te krijen mei in ferlies oan omset fan sa'n 70 persint. Dat spilet al fan maart ôf. Dêr is gjin bedriuw op makke. Wy hawwe 10 minsken yn fêste tsjinst, en yn pyktiden meitsje wy ek gebrûk fan zzp'ers. In fêste ploech fan in man as fiif. Ek foar harren hat it gefolgen, want wy hawwe se al in hiel skoft net ynhierd."

De fêste wurknimmers komme wol op it bedriuw. "Aldergeloks kinne wy in tal minsken sa no en dan kwyt by skilder- en boubedriuwen yn de omkriten. Wy besykje ek sels nije merken oan te boarjen, mar dat is net fan hjoed op moarn realisearre."

Aksjedei

Wijbenga fertelt hokker aksjes der tiisdei op de planning steane. "Wy sille letterlik útbyldzje dat de sektor op omfallen stiet. Fan 15.00 oere ôf foarmje wy it wurd 'help' op it Malieveld en dan litte wy ús as dominostientsjes omfalle. Dêrnjonken sil der in petysje oanbean wurde oan Keamerleden. Jûn sil eltsenien de eigen lokaasje read útljochtsje. De wethâlder ekonomyske saken fan Dantumadiel sil jûn by ús it startsein jaan. It docht ús tige goed dat wy út de lokale oerheid wei stipe krije."

Yke Wijbenga

(Advertinsje)
(Advertinsje)