Bar ZeeVaert op Flylân mei wer iepen

25 aug 2020 - 07:30

Op Flylân is argewaasje oer it sluten fan bar en rotisserie ZeeVaert. Dizze hoarekasaak moast sneon op oarder fan boargemaster Tineke Schokker ticht omdat de coronaregels net goed folge waarden. Mar neffens eigener Léon Westers fan ZeeVaert is it net earlik. Hy sette in filmke op Facebook fan in yllegaal strânfeest. Mar dat de plysje dêr net yngrepen hat, dêr is boargemaster Schokker it net mei iens.

ZeeVaert Bar & Rotisserie - Foto: Google Street View

Eigener Léon Westers snapt it sluten fan syn saak noch hieltyd net. "Er wordt met twee maten gemeten, dat is heel vervelend. Ik heb een restaurant met 30 zitplaatsen, er zaten op het moment van de sluiting 25 mensen. Je weet eigenlijk niet waarom, want je denkt dat je het goed doet volgens de regels. Er hangen bordjes, er is desinfectiemiddel, registratiekaartjes, een portier bij de deur. Maar dan zie je wel dat er feesten georganiseerd worden voor de jeugd. Dat vind ik prima, maar dat zou dan eigenlijk ook volgens de regels moeten gaan. Maar als er 300 mensen op een strand staan, is dat gewoon illegaal."

Strânfeest

It bart wolris faker dat der sokke feesten organisearre wurde, seit Westers. "Maar niet zo groot als deze ene keer. Er stonden twee politieagenten bij en die keken ernaar. Daar maakt iedereen zich wel zorgen over. Stel dat er corona uitbreekt op ons eiland, dat moeten we niet willen. Je moet niet teveel mensen bijeen brengen, maar dat is daar wel gebeurd. Er waren tenten op het strand gebouwd, harde muziek, een hoop alcohol. Niet zo slim."

Boargemaster Tineke Schokker is it net hielendal mei Westers iens. "As earste: wy binne ek ôfhinklik fan sinjalen. Dus as minsken wat fernimme: net ôfwachtsje, mar belje. En as twadde: fan in yllegaal strânfeest wit ik dat de plysje yngrepen hat. Dat is opbrutsen, de plysje hat der by stien om te sjen oft de lju ek fuortgiene. Dat is ek slagge. It is goed ferrûn fierder, sy hiene ek net ferwachte dat der sa'n soad folk komme soe. Sadree't wy witte dat der wat is dêr't gjin rekken hâlden wurdt mei de coronamaatregels, gripe wy yn."

It is wol sa dat Flylân lange strannen hat, en net in soad plysjeminsken. "Dat kaarte wy ek oan by de plysje, dy docht de ferdieling oer de eilannen. Dat is wol in útdaging."

Léon Westers fan ZeeVaert Bar & Rotisserie op Flylân

Neffens Westers hat it sluten fan ZeeVaert mooglik te krijgen mei in plysjeman dy't oars net op it eilân is. "Vanaf 1 juli heb ik een portier bij de deur staan. Vanaf 23.30 moet het terras leeg zijn. Dan staan er mensen voor de deur die nog naar binnen willen voor een drankje. Die moeten we helaas weigeren, want 30 zitplaatsen is weinig. Daar is nooit wat mee misgegaan. Er is nooit een wanklank geweest. Maar vrijdagavond was er een nieuwe agent die voor vier dagen op Vlieland gestationeerd was. Hij heeft een melding gedaan van mensen die door het restaurant zouden lopen en een biertje op de bar hadden gezet."

Ek dêr is boargemaster Schokker it net hielendal mei iens. "Der is konstatearre dat der te folle minsken wiene, de 1,5 meter ôfstân koe dus net holden wurde. Ek wie der net in sûnenscheck en net alle gasten hiene in sitplak. Dat is reden foar in warskôging, as der dan wer konstatearre wurdt dat der noch net oan foldien is, dan komme wy ta it beslút om te sluten. Der moast in werstelplan op tafel komme. Dat plan hawwe wy ek fuortendaalks beoardiele en trochstjoerd nei de Veiligheidsregio."

ZeeVaert mei wer iepen

Dochs kin Westers wer rêstich sykhelje. "Gisteren om half negen werden we gebeld door de ambtenaar van de gemeente Vlieland dat we de deur weer open mogen doen. Dat is goed nieuws, daar zijn we blij mee. Maar de sluiting, daar weten we eigenlijk nog niet van waarom het moest. Andere horeca-eigenaren hier op het eiland snappen er ook niets van. Ik kan het zelf ook niet vertellen. Maar je mist wel een dag omzet."

Boargemaster Tineke Schokker fan Flylân

(Advertinsje)
(Advertinsje)