Mear predatoaren en minder mûzen: drama foar greidefûgels

25 aug 2020 - 07:31

Ferline jier wie in goed jier foar bisten dy't gewoanwei op greidefûgels jeie en dêrom giet it dit jier sa min mei de greidefûgels. Dat seit Ernst Oosterveld, ûndersiker en adviseur greidefûgelbehear. "Vorig jaar hadden de predatoren veel alternatieve prooien, vanwege de enorme hoeveelheid muizen. Toen hadden ze de weidevogels niet nodig. Maar dit jaar zijn de muizen 'op'."

Skries yn in blomrike greide - Foto: Omrop Fryslân, Remco de Vries

Omdat bisten as foksen en mûzefalken dit jier dus minder mûzen ha om op te jeien, fernimme greidefûgels de gefolgen. Boppedat binne der dit jier ek nochris mear predatoaren, omdat it ferline jier sa'n goed jier wie.

Dat afgelopen voorjaar een drama was, dat staat als een paal boven water.

Ernst Oosterveld, ûndersiker en adviseur greidefûgelbehear

It jier 2020 giet de boeken yn as it minste briedseizoen ea foar de skries. Dat hat ferskate oarsaken en predaasje is dêr ien fan. Dêrnjonken binne der ek hieltyd minder geskikte plakken om te brieden. It ien hat ek mei it oar te meitsjen, leit Oosterveld út. Hy docht ûndersyk nei de effekten fan greidebehear en predaasje "Als de gruttokuikens geen voedsel kunnen vinden, dan worden ze ook extra kwetsbaar voor predatie. Dat afgelopen voorjaar een drama was, dat staat als een paal boven water.

Kieze

It kin noch wol goed komme, mar dan moat der wol wat barre. Neffens Oosterveld moat der in kar makke wurde. "Op alle fronten moeten we aan de slag in de gebieden met de beste kansen voor weidevogels. Dat zijn de open weidegebieden in West- en Noord-Fryslân."

Dêrnjonken moat der mear geskikt lân foar de fûgels komme. "Meer hoog peil en meer kruidenrijk grasland. Daarmee moet er ook een goede boterham voor de boeren gerealiseerd worden. En we ontkomen er ook niet aan om iets te doen aan het predatiebeheer. We moeten het landschap ongeschikter maken voor de predatoren."

Mear produkten keapje dy't greidefûgelfreonlik makke binne

As boeren harren lân geskikter meitsje wolle foar greidefûgels, moatte se dêr wol wat foar werom ha. "Ik geloof zeker, op basis van boeren die ik spreek, dat er een categorie boeren is die hart heeft voor de weidevogels", seit Oosterveld. "Maar dat soort type boeren kunnen nog niet een goede boterham met dat weidevogelbeheer verdienen. Daar moet nog het een en ander gebeuren, zowel door overheden, door zuivelverwerkers als door consumenten. We moeten weidevogelvriendelijk geproduceerde producten kopen."

Ernst Oosterveld

(Advertinsje)
(Advertinsje)